Grutte Pier (film): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Side makke mei "'''Grutte Pier''' is in mearjierrich filmprojekt oer Grutte Pier fan filmprodusint Steven de Jong. == Fertelline == Yn it ferhaal krige Grutte Pier de opdracht fan in g..."
 
red
Rigel 2:
 
== Fertelline ==
Yn it ferhaal krige Grutte Pier de opdracht fan in geast út de ierde om him net ûnderhearrich meitsje te litten troch in folk fan fier. Pier Gerlofs fan Doania is sa sterk as in dyk, minstens 2 meter 10 lang en mei hier oant syn skouders en ynderlik bejeftige mei in mânsk gefoel foar rjochtfeardigens. Grutte Pier libbe yn in rûge dizenige tiid doe ’t op elke opstân it near lein waard troch hiersoldaten fan alwer in nij polityk lieder. Se berôfdenberôven de ûnderdrukte boargers foar in bonus op harren wedde. Sa waard ek de pleats fan Pier útkeazen om plondere te wurden en dêr ’t de brân yn moast. Dea en ferdjer wie it gefolch. Pier hie altiten syn ferskuorrende krêft en drift bedimje kind. De leafde foar syn frou Rintsje (Elske DeWall), syn bern, syn Fryslan makken dat hy de rêst yn syn kop bewarje koe ûndanksnettsjinsteande hieltiten mear stimmen yn syn holle.. Mar at Hollanners ienkear dizze smoarge oanslach leveren op alles wat him dierber wie.. It bloed waard him sûpe en wâle by Pier omheech, sels út de Fryske grûn. Dan ropt de geast him op om wraak te nimmen. Dan gripe eleminten fan it Fryske lân him beet en beslút hy om syn lân te befrijen fan alles dat mar tinkt de baas spylje te kinnen. Fûleindige wraak soe tenei it doel fan syn libben wêze. Hy foarme dan syn eigen leger, dat op de Sudersee Hollânske skippen plondere.
 
Grutte Pier is in epysk ferhaal, ferteld troch de eagen fan in opgoeiendopgroeiend bern, yn it lilkaardich mûnster. Hoe ’t elke foarm fan sinneljocht en fleurigens ferdwine kin as it tsjuster fan de siel oansprutsen wurdt. It fertelt hoe ’t in djipwoartele langstme nei frijheid en ûnôfhinklikheid in mins ek herteleas en sûnder betingsten meitsje kin. De krêft fan de grûn, de krêft fan de geast, de krêft fan bloed... gearbrocht yn in mytysk epos. Grutte Pier is in oade oan Fryslân dat foar frijheid focht en syn minskesiel oansprekke moast foar in better libben.
 
== Projekt ==
De trijedielige film ferhellet de lêste tsien jier fan it libben fan Grutte Pier.<ref>[https://www.nd.nl/cultuur/films/999524/grote-pier-nu-op-het-witte-doek-in-de-vorm-van-een-driedelige-film Grote Pier nu op het witte doek in de vorm van een driedelige film], Nederlands Dagblad, 27 oktober 2020</ref>
It is de bedoeling om seis of sân jier lang sa’n 25 minuten film op te nimmen. Sa kin Pier syn ûntwikkeling toand wurde ‘fan hurd wurkjende aardige boer ta terrorist’. Ek de oare personaazjes wurde yn dy tiid echt âlder. Dy metoade fan waard earder tapast troch regisseur Richard Linklater foar syn bekroande epos ''Boyhood''. <br>
Yn april 2019 waard in pleats yn [[Den Horn]] yn de brân stutsen foar de iepeningssêne. <ref>[https://www.dvhn.nl/cultuur/Oude-boerderij-Den-Horn-in-brand-gestoken-voor-film-over-Friese-vrijheidsstrijder-Grutte-Pier-24371155.html Oude boerderij Den Horn in brand gestoken voor film over Friese vrijheidsstrijder Grutte Pier], Dagblad van het Noorden,16 april 2019</ref>
 
De sênes wurde ek allegear yn it Ingelsk draaid, om letter te brûken foar in Ingelske ferzje fan de film foar de ynternasjonale merk.
Troch de coronamaatregelenkoroanamaatregelen yn maart 2020 moasten de opnames stillein wurde. Yn dy tiid skreau Steven de Jong mei komponist Ronald Schilperoort de titelsong van Grutte Pier en makke De Jong waard in cover foar noch mear muzyk. <ref>[https://frieschdagblad.nl/2020/8/10/inspelen-steven-de-jong-stortte-zich-op-maken-van-liedjes-in-plaats-van-films Inspelen: Steven de Jong stortte zich op maken van liedjes in plaats van films], [[Frysk Deiblêd]], 10 augustus 2020</ref>
 
Steven de Jong skreaun it senario mei Dick van den Heuvel en de Fryske skriuwer [[Meindert Bylsma]]. <ref>[https://www.shownieuws.nl/entertainment/steven-de-jong-maakt-film-grutte-pier Steven de Jong maakt film over Grutte Pier], Shownieuws.nl, 7 septimber 2017</ref> De Jong waard earder bekend as makker fan films as [[De Hel van '63]], [[De Kameleon]], [[De Fûke]] en [[Baas Boppe Baas]].
Rigel 30:
* [[Elske DeWall]] – as Pier syn frou Rintsje
* Rens - buorjonge
* [[Bram van der Vlugt]] († 2020)
* [[Syb van der Ploeg]]
* [[Carla de Bruine]]