Dick van den Heuvel: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
red
Rigel 1:
{{Regisseur of produsint
| ôfbylding = DickvandenHeuvel2020.jpg
| ôfbyldingstekst = = Dick van den Heuvel (2020)
| ôfbyldingsbreedte =
| echte namme =
Rigel 17:
| webside =
}}
'''Dick van den Heuvel''' ([[22 augustus]] [[1956]]) is in [[Nederlân]]ske [[skriuwer]] fan [[senario]]'s, [[boeken]] en [[teäterstikken]].
 
== Wurkpaad ==
Van den Heuvel gie nei it Atheneum B en gie doe as 17-jierrige nei de Nederlânskje Film en Telefyzje Akademy. Dêr studearre hyer ôf yn 1978, wêrnei ’t er him oant 1986 dwaande hold mei produksjelieding en rezjyassistinsje.
 
Foar it Amsterdamske amateurselskip ''Toetssteen'' skreau hyer yn dy tiid al geregeldwei toanielstikken. Mar begjin jierren njoggentich begûn hy ek foar profesjonele selskippen en produksjemaatskippijen te skriuwen. Foar de KRO skreau hyer de 13-dielige jeugdrige ''De Legende van de Bokkerijders'' (dy ’t yn 2006 op [[dvd]] ferskynde). Ek skreau hyer de rige ''Nosmo King'' foar de NPS, ''Combat'' foar Veronica en tegearre mei Stan Lapinski en Simon de Waal de rige ''Russen'' (wêrfan't in oantal seizoenen op dvd útbrocht waarden).
 
Mei Stan Lapinski en Henk Apotheker skreau Van den Heuvel de plysjerige ''Van Speijk''. Dizze rige waard yn 2006 en 2007 troch telefyzjestjoerder Talpa útstjoerd. Hy hat fjouwer saneamde Telefilmstelefilms op syn namme stean: ''Dat is nooit mijn naam geweest'' (rezjy Eric Oosthoek), ''De stilte van het naderen'' (rezjy Stephan Brenninkmeijer), ''Sloophamer'' (rezjy Ger Poppelaars) en ''Eigenheimers'' (rezjy Pollo de Pimentel). Fierders skreau hyer, tegearre mei Simon de Waal, fjouwer thrillers oer de speurder-apteker C.J. van Ledden Hulsebosch, wêrfan’t de titels binne: ''Moord in Tuschinski'', ''De wraak van de keizer'', ''Spelen met vuur'' en ''De Rembrandtcode'' (allegear by útjouwerij De Fontein).
 
De rige religieuze thrillers oer de plysjepastor Cas Wulffers (haadpersoan fan de telefyzjerige ''Missie Warmoesstraat'' dy 't hyer yn de mande mei Simon de Waal betocht) is ek skreaun troch Van den Heuvel. It sânde diel (''De Doodshoofdvlinder'') ferskynde yn 2007.
 
Foar it teäter bewurke hy berneboeken as ''De Zevensprong'' en ''De brief voor de koning '' (beide fan Tonke Dragt) en ''De Griezelbus'' en ''Dolfje Weerwolfje'' (beide fan Paul van Loon) ta musicals. Ek wie hy de bewurker fan [[Jan Wolkers]] syn roman ''Turks fruit'', dy’tdy't as musical yn seizoen 2005/2006 trije Musical Awards wûn, wêrûnderûnder oaren dy foar bêste lytse musical. Hy skreau it skript fan de musical ''Ramses'' (seizoen 2011/2012) oer it libben fan Ramses Shaffy, regisearre troch Peter de Baan en produsearre troch Albert Verlinde.
 
Yn 2019 skreau hy mei [[Steven de Jong]] it senario fan it filmprojekt [[Grutte Pier (film)|Grutte Pier]]