Simmertreast: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Side makke mei "''''''Simmertreast'''''' is in Frysk liet fan Gerrit Breteler mei Fardau van der Woude en Syb van der Ploeg. <ref>[http://www.streektaalzang.nl/strk/frie/friefarn.htm str..."
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 6 jan 2021 om 19.29

'Simmertreast' is in Frysk liet fan Gerrit Breteler mei Fardau van der Woude en Syb van der Ploeg. [1]

Simmertreast waard yn 2004 útbrocht op de CD Lit ús dêrom drinke. Simmertreast wie oarspronklik in solo-útfiering mei pianobegeleiding fan Gerrit Breteler. It nûmer Simmertreast út 2004 beskriuwt de kommende maitiid en begjint dan ek mei 'Oer de droech frieze fjilden nei it âlde winterlûd. Wylst yn de sinne op it suden it farske grien de grun utsprút'..

Clip

De clip Simmertreast heart by it boek Giftige Simmer. Yn dat boek smite skriuwers, skilders en dichters in krityske blik op destiidske grutte Fryske projekten as de Sintrale As, de ferbaarningsûne by Harns en de Heak om Ljouwert. Neist it liet Simmertreast skreau Breteler ek in fers en makke in skilderij.

As ûndersteuning fan it boek waard yn 2009 in fideoklip fan it nûmer Simmertreast makke. Foar de clip is it nûmer omfoarme nei in ferzje mei de sopraan Fardau en Syb van der Ploeg mei syn band. Yn de fideoklip spylje in hynder-en-wein mei jonge fammen, fyftich hynders en in âld boerepleats de haadrollen. De ferhaalline waard skreaun troch Anke Bijlsma, de frou fan Gerrit Breteler. Hja wie ek regisseur fan de opnames.

De clip waard opnomd yn it lân by Breteler en Bijlsma foar hûs. Mear as hûndert minsken en fyftich hynders wurken mei oan de clip. Der binne in pear massasênes, der komt in boerewein fol jonge fammen foarby en Gerrit en Syb komme fansels yn byld. Mar de echte haadpersoan is eins de ruÏne fan de âlde pleats sei Bylsma dêroer.

Ferskynd op

  • Lit ús dêrom drinke (CD) – nr. 13; (4:49, july 2004) [2]
  • Sier en Tier al 125 jier (single) - nr. 3; Tweespan Ruitersport (2004) [3]
Te hearren en te sjen op

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: