Afke Boven: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Side makke mei "'''Afke Boven''' (Dokkum) is in Fryske programmamakster, presintatrise, redaktrise en skriuwster. Afke Boven waard berne yn Dokkum, mar brocht in grut part fan hat jonkheid..."
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 9 jan 2021 om 16.55

Afke Boven (Dokkum) is in Fryske programmamakster, presintatrise, redaktrise en skriuwster.

Afke Boven waard berne yn Dokkum, mar brocht in grut part fan hat jonkheid troch op It Amelân. [1] Har oplieding as sjoernalist krige se fan 1999 oant 2003 op hegeskoalle Windesheim yn Swol.

Telefyzje

Yn har opliedingstiid rûn se staazje by RTL Boulevard en Tros Vermist. De earste jierren dêrnei wurke hja oant 2007 as redakteur by RTL4 en SBS6.Letter die se ek freelancewurk foar Omrop Max, de KRO en de EO. Yn 2019-2020 die Boven foar de NPO de redaksje en presintaasje fan Kijk op Fryslân.

Afke Boven wurket sûnt 2013 se foar Omrop Fryslân. De earste jierren as redakteur en ferlsachjouster foar it programma Bynt. Sûnt 2016 die se live ferslach fan it skûtsjesilen, de Slachtemarathon en de Alvestêdeswimtocht fan Maarten van der Weijden.

Skriuwster

As freelancer wurke Afke Boven foar Weight Watchers. Sûnt 1997 skriuwt se foar it moanneblêd De Amelander en yn novimber is se belutsen by de Keunstmoanne op It Amelân. Sûnt 2013 wurket se foar it Dagblad van het Noorden. Yn 2020 waard se einredakteur fan de Skûtsjekrante.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Ik bin multilangual hutsafluts, De Westereender, oktober 2018