Timo Jepkema: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Side makke mei "'''Timo Jepkema''' (Lekkum, 1994) is in Fryske presintator en ferslachjouwer út Ljouwert. Nei de hafû oan Piter Jelles !mpuls yn Ljouwert fan..."
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 10 jan 2021 om 17.29

Timo Jepkema (Lekkum, 1994) is in Fryske presintator en ferslachjouwer út Ljouwert.

Nei de hafû oan Piter Jelles !mpuls yn Ljouwert fan 2011 oant 2015 studearre Jepkema Sjoernalistyk oan de hegeskoalle Windesheim yn Swol.

Waarman

Sûnt 2008 presintearre hy it wyklikse waarberjocht op jongereinstjoerder Froeks.TV. By syn lêste útstjoering yn 2012 op Froeks.TV wie ek syn learmaster Pyt Paulusma.[1] Jepkema rûn sazje by Paulusma en wie foar him waarnimmer fan it waarstasjon yn Lekkum.[2] Syn wurk as waarnman fan Froeks.TV kombinearre hy sûnt 2010 mei syn wurk as waarman foar RTV Noordoost Friesland.

Ferslachjouwer en presintator

Fan 2010 oant 2013 wie hy fuotbalferslachjouwer foar Radio Mercurius by de fuotbalwedstriden fan SC Cambuur. Dat lêste jier wie hy ek ferslachjouwer op Froeks.TV oant hy yn 2013 sportferslachjouwer waard by Omrop Fryslân. Fan 2015 ôf die hy ek presintaasjewurk, ûnder oare by it nijsprogramma Fryslân Hjoed.[3]

Programma’s (karút)

  • Fryslân Hjoed
  • Fryslân DOK

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Froeks-waarman Timo Jepkema hâldt op, ItNijs, 20 jannewaris 2012
  2. Waardering raakt Piet Paulusma: "Ik ben ook maar een mens", Omrop Fryslân, 29 desimber 2019
  3. Fryslân Hjoed, Bolswards Nieuwsblad, 2 septimber 2016