Mûnein: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 21:
== Flaaksfabryk ==
[[Ofbyld:Arbeiders vlasbewerking bij Molenend., 1900.jpg|thumb|''Arbeiders yn de flaaksbewurking by Mûnein, 1900'']]
[[Ofbyld:Mûnein. Gosse Dam, De Flaaksrûpelders.jpg|thumb|[[Gosse Dam]]: ''De Flaaksrûpelders'' (1990)]]
[[Theodorus Marius Theresius van Welderen Baron Rengers]] fan [[Heemstrastate (Oentsjerk)|Heemstrastate]] die de oanset ta in [[flaaks]]fabryk. Hy wie lid fan de kommisje ''Door Arbeid tot Verbetering'', dy't oprjochte wie troch syn heit, Wilco Julius. Op [[6 maaie]] [[1898]] wurdt der by de gemeente Tytsjerksteradiel in oanfraach yntsjinne om in fabryk te bouwen yn de buert fan de Swarte Broek, in marke by Mûnein. Sa komt it earste fabryk fan de "N.V. Friesche Maatschappij van Vlasindustrie" der, de namme kaam yn kleurige dakpannen op it dak te stean en op de foargevel, dêr't er noch te lêzen is. De lokaasje Swarte Broek waard keazen omdat it flaaks earst rotte wurde moast yn it trochgeande wetter. De iepening wie op [[24 novimber]] [[1898]] mei J.J. Westra as direkteur. It fabryk hat tsjinst dien oant [[24 april]] [[1967]] De restaurearre skoarstien en it byld fan [[Gosse Dam]] op it pleintsje by de klok yn de buorren ferwize noch nei de tiid fan de flaaksbewurking. It Thomashûs is in hûs foar handikapten en sit yn de eardere [[flaaks]]fabryk oan de Swarte Broek en is troch de hege skoarstien fan fierôf te sjen.