Alessandra Ambrósio: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 7:
Har earste baan wie in opdracht foar it Braziljaanske moadeblêd ''[[Elle]]''. Sûnt hat hja wurke foar Revlon, [[Christian Dior]], [[Giorgio Armani]], [[Rolex]], [[Oscar de la Renta]], [[Gucci]], [[Calvin Klein]] en [[Ralph Lauren (moadeûntwerper)|Ralph Lauren]]. Ek hat de op de [[catwalk]] rûn foar [[Prada]], [[Christian Lacroix]], [[Fendi]], Christian Dior, Ralph Lauren, Giorgio Armani, [[Vivienne Westwood]] en Oscar de la Renta. Hja hat goed 50 kear op it omslach fan grutte moadeblêden te sjen west.
 
Ambrosio is it meast bekend fan har wurk foar [[Victoria's Secret]] en waard keazen as it earste ''[[wurdfierder|spokesmodel]]'' foar in line fan it bedriuw yn 2004. Sy ferkynde foar it earst op ''Victoria's Secret Fashion Show'' yn 2000.
 
Yn [[2006]] hie Ambrosio in [[figurant]]eroltsje yn 'e [[James Bond (filmsearje)|''James Bond''-film]] ''[[Casino Royale (film út 2006)|Casino Royale]]''.
 
Op 24 augustus 2008 krigen Ambrosio en har ferloofde, de [[Kalifornje|Kalifornyske]] sakeman Jamie Mazur, har earste bern.