Oerol: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
 
Rigel 33:
 
==Skiednis==
It hjoeddeistige Oerol waard yn [[1981]] oprjochte troch [[Joop Mulder]] († 2021), dy't doedestiden eigner wie fan it [[kafee]] ''De Stoep'', yn [[Midslân]]. Troch de jierren hinne groeide it út fan in lyts eilânfeest ta ien fan 'e grutste lokaasjeteäterfestivals fan [[Jeropa]]. Dêrby kampte de organisaasje wol om 'e pear jier mei [[jild|finansjele swierrichheden]].
 
Djiptepunt datoangeande wie de edysje fan [[1993]], doe't festivaldirekteur Mulder by de iepening oankundige dat de [[ûnderhanneling]]s mei it [[Ministearje fan Wolwêzen, Folkssûnens en Kultuer (Nederlân)|Ministearje fan Wolwêzen, Folkssûnens en Kultuer]] en [[Deputearre Steaten fan Fryslân]] op neat útrûn wiene, en dat dit sadwaande de lêste kear wie dat it festival holden waard. Nei ôfrin fan Oerol [[1993]] waard der by nije ûnderhannelings lykwols dochs in oplossing fûn, sadat yn [[1994]] gewoan wer in nije Oerol holden wurde koe.
Rigel 41:
 
Yn [[2017]] loek Joop Mulder him werom as foaroanman fan Oerol. Op 'e edysje fan it festival fan dat jier waard er seremonieel op 'e [[fearboat|boat]] nei [[Harns (stêd)|Harns]] set en útwiuwd troch organisaasje en festivalbesikers. Neitiid kaam er daliks wer werom op it eilân om 'e rest fan it festival by te wenjen. Mulder wie yn [[2018]] as koördinator en oanjager belutsen by it keunstprojekt ''Sense of Place'', in ûnderdiel fan [[LF2018|Ljouwert/Fryslân Kulturele Haadstêd fan Jeropa 2018]].
 
=== Ferstjerren Joop Mulder ===
Op 9 jannewaris 2021 stoar Joop Mulder, de oprjochter fan het festival, yn de âldens fan 67 jier.<ref>[https://www.lc.nl/cultuur/Oerol-oprichter-Joop-Mulder-overleden-26347133.html Oerol-oprichter Joop Mulder overleden] LC.nl d.d. 10 jannearis 2021</ref>
 
== Tema's ==
Line 74 ⟶ 77:
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: [http://nl.wikipedia.org/wiki/Oerol_Festival ''Bronnen, noten en/of referenties'', op dizze side].
----
{{Reflist}}
{{commonscat|Oerol Festival}}
}}
 
{{commonscat|Oerol Festival}}
 
[[Kategory:Skylge]]