Earste Punyske Oarloch: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Kartaagsk --> Kartaachsk
red
Rigel 1:
[[Ofbyld:1e Punische oorlog.svg|thumb|right|200px|''Kaart fan Rome en Kartago en har bûnsmaten.'']]
De '''Earste Punyske Oarloch''' ([[264 f.Kr.]] – [[241 f.Kr.]]) wie de earste fan de trije [[Punyske oarloggen]], dy't útfochten waarden tusken [[Rome (stêd)|Rome]] en [[Kartago]] om de hegemony oer it Westlik Middellânske Seebekken. DizzeDe kriich waard fral op see striden en einige troch in Kartaachske nederlaach wêrby't hja de kontrôle ferlear oer har koloanjes op [[Sisylje]] en [[Sardynje]], hokker eilannen sûnt dy tiid Romeinske ''provinciae'' (=wingewesten) wêze soenen.
 
== It útbrekken fan de kriich ==
It Romeinske Ryk wie sûnt de oerwinning oer [[Pyrrhus]] yn 275 f.Kr. hear en master oer it feriene Italjaanske skiereilân wurden en sochten no nei fierdere útwreidingsmooglikheden. Oan de oare sidekant stie Kartago, dy't al hûnderten jierren lang it westen fan it Middellânske See gebiet kontrolearre.
 
Oanlieding foar de kriich wie de stipe dy't Kartago ynearsten oan de stêd [[Messina (stêd)|Messina]] ferliende, tsjin in oanfal fan de Grykske stêd [[Syrakuse (Itaalje)|Syrakuse]]. De Kartagers gongen lykwols net út Messina fuort sadatsa't de stêd har rjochte ta Rome rjochte om help. Nei lang yn har omgean litten te hawwen waard op foarspraak fan de ''[[comitia centuriata]]'' besletten ta yntervinsje op it eilân.
 
De Kartaachske oanwêzigens yn it noarden fan Sisylje waard troch de Romeinen ek as bedriigjend field. Nei alle gedachten hat ek de oarlochssuchtigens fan de Romeinen yn it generaal en dy fan de senatorensenatoaren yn it bysûnder hjirbydêrby in rôl spile. Oars falt net te ferklearjen wêrom't Rome har yn in oarloch stoarte dy't foar it grutste part oersee en op see fierd wurde soe. De tweintich oarloachskippenoarlochsskippen fan de Romeinen woegenweagen nammentlik net op tsjin de hûnderten fan de Kartagers.
 
== Kriichsferrin ==
De kriich sette útein doe't Rome mei in oarloch op lân de Kartaachske koloanjes op West-Sisylje besocht yn te nimmen. Konsul [[Appius Kaudius Saudeks]] stuts yn 264 f.Kr., yn in donkeretsjustere nacht de [[Strjitte fan Messina]] oer en sette syn leger oan wâl yn de haven fan Messina. Troch de Kartagers waard dizzedy died beskôge as in oarlochsferklearring. By it earste belis fan [[Slach by Agrigentum|Agrigentum]] yn 262 f.Kr. koenen de Romeinen har noch behelpe sûnder in eigen oarloachsfoatoarloachsfloat. De Kartagers moasten har nei sân moannen duorjende belegering oerjaan. De ûnderfinings opdiendy't by dizzedy slach opdien waarden, die beide legers fan strategy feroarjen. De Kartagers hienen yn de gaten krigen dat de Romeinen teop lân min te ferslaan wienen, mar dat sy op see it sterkst wienen. Sy foelen dêrom de befoarriedingskippen fan de Romeinen oan. De Romeinen op har beurtbart besochten in float te bouwen.
 
Omdat de striid op Sisylje gjin fêst resultaat hie, foel konsul [[Markus Atilius Regulus]] yn [[256 f.Kr.]] [[Afrika]] binnenyn. De Kartagers waarden lykwols rêden troch de [[Sparta (Grikelân)|Spartaanske]] hierlingengeneraalhierlingegeneraal [[KsanthipposKsantippos]] en stjoerden letter generaal [[Hamilkar Barkas]], de heit fan [[Hannibal Barkas|Hannibal]], nei Sisylje om de [[Grikelân|Grykske]] stêden te feroverjen.
 
Utsein boppesteande opsomming fan militêre kampanjes op lân, waard it grutste part fan de kriich op see fierd, it wie in seekriich, mar fral in maritime ôfmêdingsslach. Hoewol't Kartago ynearsten de grutste float hie, koe it har oerwicht net ta jilde meitsje omdat de hearskjende hannelselite fan dy stêd einliks net sa bot yn de kriich ynteresseare wie. Sels op it hichtepunt fan de kriich waard der tusken Romeinske en Kartaachske keaplju gewoan hannel dreaun!
Rigel 18:
De Kartaachske oarlochspartij bestie foar it wichtichste part út de earme ûnderklasse dy't troch (lân)roof hope har posysje te ferbetterjen. De Romeinske steat oan de oare kant libbe fan de skattingen dy't sy de ûnderwurpen folken (''subiugati'') en "bûnsmaten" opleinen. Yn de kriich foelen de belangen fan Romeinske sosjale lagen dus gear. Rome hie lykwols net in protte ûnderfining mei kriichfieren op see en besocht dat lange tiid te kompensearjen troch eigen betochte útfiningen te brûken lykas de ''corvus'' (interbrêge) ynstee fan it wenstige (mar folle mear seemanskeunst fergjende) wramen mei de '[[rostra|rostrum]]'.
 
== Ein fan de oarlochkriich ==
De kriich smiet lykwols gjin beslissende súksessen op en nei goed tweintich jier wie de skatkiste fan beide partijen sa goed as leech.
 
Doe't [[Hamikar Barkas]] yn [[247 f.Kr.]] op Sisylje it Kartaachske oerbefel krige en dat jier troch snellehurde oanfallen in protte earder op de Romeinen ferlern rekke terrein werom wûn, bleau Rome neat oars oer as nettsjinsteande de lege kas opnij in float gear te stallen. Diskear sprong de Romeinske aristokrasy by. De finansiering fan de float mei priveejild waard feilich steld troch de garânsje op weromstoarting by in oerwinning op Kartago. Yn [[241 f.Kr.]] besliste konsul Lutatius Katulus lang om let de kriich troch de Punyske float in swiere nederlaach ta te bringen (de [[Slach by de Egadyske Eilannen]]. De Kartagers longeren nei dat ferlies nei frede en wienen ree om in foar harren ûngeunstige frede te sluten.
 
[[Kategory:Punyske Oarloggen]]