Mulciber (fulkaan): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
red
[[]]
 
Rigel 14:
De lokaasje fan de fulkaan is omrekkene út de ôfwikingen fan it magnetysk fjild. It boarmeunster út 1985 leit yn it gebiet dêr't de magnetyske ôfwiking it heechst is.
 
De fulkaan leit yn in gebiet om en de by 100 kilometer noardwestlik fan Skylge, 20 kilometer noardlik fan it Fryske Front, 60 kilometer eastlik fan de [[Klaverbank]] en 100 kilometer besúdwesten de [[Doggersbank]]. In pear kilometer súdliker leit de ''Off Friesland North''-skipfeartrûte. It werkenningspunt dat it tichtste by op it wetteroerflak te sjen is, is de NAM 28-boei, om en de by 10 kilometer eastliker.
 
De fulkaan leit op in djipte fan ûngefear 3300 meter ûnder de seeboaiem. De Noardsee is op dat punt sa'n 40 meter djip.