Feldkirch: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
Side makke mei "{{Stêd mei flagge| Ofbyld= 300px ''Schattenburg'' | Flagge= border|120px| Wapen= File:Wapp..."
 
stikje red
Rigel 22:
 
== Skiednis ==
De namme Feldkirch stamt fan in lytse kapel noardlik fan de 631 meter hege Ardetzenberg, dy't yn it jier 842 neamd waard. Nei de bou fan de Schattenburg yn likernôch 1200 troch greve Hugo von Montfort ferskode de delsetting nei de hjoeddeiske binnenstêd oan de rivier de [[Ill]]. It midsiuwske sintrum fan de stêd mei syn stedspoarten, in kastiel en âlde hûzenhuzen, bleau oanoant de dei fan hjoed goed bewarre.
 
Oan it begjin fan de 14e iuw waarden 30 oant 40 [[joaden]] yn Feldkirch joaden ferbaarnd, om't de minsken harren derfan fertochten de útbraak fan de [[pest]] feroarsake te hawwen.
 
[[File:De Merian Sueviae 257.jpg|thumb|left|250px|<center>''Feldkirch (1643)''</center>]]
De hannel mei [[Itaalje]] en it [[Hillige Roomske Ryk]] brocht de stêd in soad wolfeart. De rykdom fan de stêd makke ek in kulturele ûntwikkeling mooglik. Der wie genôch jild foar de stifting fan in [[Latynske skoalle]], dy't derdêr tenminstenteminsten al yn 1399 stie.
 
Om 1500 hinne waard in nije stedsmuorre mei poarten en tuorren boud en sûnt dy tiid bleau de stêd iuwenlang ûnferoare.
Rigel 33:
Feldkirch waard yn 1925 grutter troch in anneksaasje fan de omlizzende gemeentes Levis, Altenstadt, Gisingen, Nofels, Tosters en Tisis.
 
Yn de [[Twadde Wrâldkriich]] hie hiel Vorarlberg mar fan ien bombardemint te lijen en dat wie op Feldkirch. De Messerschmitt-fabryk by [[Augsburg]] wie it doel fan de op 1 oktober 1943 fanút [[Tuneezje]] kommende Amerikaanske loftfloat, mar fanwegen it minne waar koene de fleantugen dat doel net helje. As ferfangend doel smiten de fyftjin bommewerpers harren lêst doe mar boppe Feldkirch út. By it bombardemint waard it sikehûs Antoniushaus, in sikehûs, rekke, wêrby't 104 minsken ferstoaren, wêrûnder 10 nonnen. By in treffer op de skoalle fan de Kongregaasje fan de Bruorren fan Kristlike Skoallen kamen 41 famkes tusken de 14 en 18 jier om en fierder ferstoaren der nochris 23 minsken op oare plakken.
 
Yn 2008 waarden dielen fan 'e [[James Bond]]-film [[Quantum of Solace (film)|Quantum of Solace]] yn Feldkirch opnommen.
Rigel 42:
== It besjen wurdich ==
[[File:Marktplatz 16-28, Feldkirch.JPG|thumb|260px|<center>''It histoaryske Marktplatz''</center>]]
* De stedsmuorre waard yn 1500 fernijd, mar yn 1826 op in soad plakken ôfbrutsen. Fan de fjouwer eartiidske poarten bleaune allinne de Mühle- of Sautor en de Churer- of Salztor oer. Oare oerbliuwseloerbliuwsels vanfan de muorre om de stêd hinne binne fjouwer tuorren: de Katzenturm, de Pulverturm, de Wasserturm en de Diebsturm.
* De Schattenburg stiet oan de râne fan de stêd. Yn de boarch is tsjintwurdich in museum ûnderbrocht mei in grutte histoaryske wapenkolleksje.
* It Palais Liechtenstein is in barok stedspaleis, dat tsjintwurdich brûkt wurdt as stedsargyf/bibleteek en foar ústallingsútstallings.
* De oarspronklik romaanske Dompfarrkirche St. Nikolaus datearret fan 1287 mar waard nei stedsbrannen fan 1348, 1398 en 1460 as goatyske tsjerke wer opboud.
* De Johanniterkirche oan de Marktgasse is in eardere tsjerke fan de Johanniters. De tsjerke datearret út de 15e-16e iuw, mar hat in âldere skiednis. Tsjintwurdich docht it gebou tsjinst as útstallingsromte foar hjoeddeiske keunst.