Hânskrift (dokumint): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
 
Rigel 28:
 
=== [[Profaan|Profane]] literatuer opslein yn hânskriften ===
De hiele middelnederlânske [[literatuer]] is ús oerlevere troch hânskreaune produksjes. De produkten waarden tsjin betelling de rigel makke troch ienmansbedriuwkes fan beropskopiïsten yn saneamde skriuwhúskes. Soks late ta [[sammelhânskrift]]en. Yn dy tiid wie it sammelhânskrift de produksje-ienheid fan literatuer en net de tekst as sadanich. Earst de [[drukparse]] sil de ôfsûnderlike tekst as op himsels steande ienheid fêstigje.[[File:Acrostichon Anthonis de Roovere.jpg|thumb|Acrostichon Anthonis de Roovere yn in 15e iuwsk hânskrift (Iepenbiere Bibleteek [[Brugge]], Ms. 711)]] As motivaasje foar it hânmjittich fêstlizzen fan sprutsen teksten gou sterk dat jo oer in krekte tekst beskikke koene om út de holle leare te kinnen. Literêre teksten yn de [[folkstaal (memmetaal)|folkstaal]] bestiene ommers oant foarhinne foar de omjouwing allinnich as [[rym (stylfiguer)|rymjende]] [[klank]] en [[lûd]] mei in [[ritme]] en [[metrum]]. Se waarden mûnling oerlevere as in foarm fan [[oraal|orale]] skiednis.
 
Bekende foarbylden fan sammelhânskriften binne de [[Manesse Codex]], it [[Gruuthuse-hânskrift]], it [[Geraardsberchske hânskrift]] en it [[Hulthemske hânskrift]]. In wier keunstwurk is it [[midsiuwen|midsiuwske]] [[profaan|profane]] manuskript [[De Graal fan Rochefoucauld]], keunstich ferluftige mei [[Miniatuer (hânskrift)|miniatueren]].