Slach by de Boppe-Baetis: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
typfl
 
Rigel 38:
Gnaius Skipio wie syn oerwicht kwytrekke, nei't syn hierlingen op de haal giene. Hy wie noch net op de hichte fan Publius syn dea, mar hy besleat nei it noarden fan Hispania werom te lûken, doe't Mago en Hasdrubal Gisko mei harren legers oankamen. De Romeinen ferfearen nei de Ebro út harren kamp wei en lieten it fjoer baarne. De Numydjers fûnen harren de folgjende dei en mei harren oanfal twongen se de Romeinen op in heuvel by Ilorca. It kartaachsk leger, dy't no de legers fan Hasdrubal Barka, Hasdrubal Gisko en Mago befetten, kaam dy nachts oan. Yn wanhoop besochten de Romeinen in ferdigeningsmuorre mei sealen en bagaazje te meitsjen om't de grûn te hurd wie om te graven. De Kartagers koene maklik oer de muorre hinne komme en Gnaius sneuvele yn de slach, dêr't ek it grutste part fan syn mankrêften by ferneatige waard.
 
== NeirinNeisleep ==
De oerlibbene romeinske soldaten flechten noardlik fan de Ebro, dêr't se in leger fan 8.000 manlju byïnoar garren. De kartaachske generaals besochten net mei harren ôf te rekkenjen, dêr't se fersterkings nei [[Hannibal]] yn Itaalje stjoere koene. De Kartagers stjoerden lykwols gjin fersterkings nei Itaalje fanút Ibearje en dêrom koe Hannibal net tefoaren komme dat de Romeinen [[Capua]] yn it krúsjale jier 211 f.Kr. ynnamen. Yn it nijier fan 211 f.Kr. stjoerde Rome 13.100 manlju ûnder [[Gaius Klaudius Nero]] en fersterkje syn mankrêften yn Hispania. Doe't [[Skipio Afrikanus]], de soan fan Publius Skipio, mei noch 10.000 manlju yn 210 f.Kr. oankaam, krigen de Kartagers it soer fan harren earder beslút en krigen de Romeinen it foardiel yn Hispania nei de [[Slach by Kartagena (209 f.Kr.)|Slach by Kartagena]].