Slach by Ilipa: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Side makke mei "{{Wurk}} {{Ynfoboks militêr konflikt |campaign= |conflict = Slach by Ilipa |partof = de Twadde Punyske Oarloch |image = Ofbyld:Battles_second_punic_war.png|2..."
 
No edit summary
Rigel 20:
De '''Slach by Ilipa''' wie nei alle gedachten de meast fernimstige oerwinning fan de Romeinske generaal [[Skipio Afrikanus]] yn de [[Twadde Punyske Oarloch]] yn de maitiid fan [[206 f.Kr.]] De slach fûn plak op in flakte beëasten [[Ilipa]], hjoed-de-dei [[Alcalá del Río]] by [[Seville]] yn [[Spanje]] by it doarp Esquivel, dat it plak fan in Kartaachsk kamp wie.
 
De slach like suver like orizjineel te wêzen as [[Hannibal]] syn taktyk by de [[Slach by Cannae]], mar Skipio syn omkearde Cannaeformaasje wie deit hichtepunt fan syn militêr fermogen. De slach wie de beslissende slach foar de Romeinen dy't in ein makke oan it Kartaachsk gesach yn [[Hispania]] en dy't de oanfier fan [[sulver]] en mankrêften foar de dynasty fan de [[Hannibal Barkas|Barka]]'s ôfsniene.
 
== Oanrin ==
Nei de [[Slach by Baecula]] en it ferfarren fan [[Hasdrubal Barka]], de broer fan Hannibal, nei [[Itaalje]], kamen Kartaachske mankrêften ûnder leiding fan [[Hanno de Grutte]] yn it begjin fan [[207 f.Kr.]] oan yn [[Ibearje]] en foegen harren al rillegau gear meiby dy fan [[Mago Barka]]. Meiïnoar foarmen se in grut leger troch it hieren fan [[KeltibearjersKelt-Ibearjers|KeltibearyskeKelt-Ibearyske]] hierlingen. Njonkelytsen luts [[Hasdrubal Gisko]] en syn leger fan [[Cádiz]] nei [[Andalûsje]]. Dêrtroch stie Skipio foar twa konsintrearre legers fan de fijân oer, dêr't deien ienefan wishim en wier himgrif yn de rêch oanfalle soe as er de oare oanfalle soe.
 
Nei krekt oerwagen besleat Skipio ynearsten in legerienheid ûnder lieding fan [[Markus Junius Silanus (praetor 212 f.Kr.)|Markus Junius Silanus]] op Mago ôf te stjoeren en ferslach him. Om't se mei in grutte faasje oanfoelen koe Silanus de Kartaachske mankrêften folslein fernuverje en dat late ta it flechtsjen fan de Keltibearjers en it finzennimmen fan Hanno.