Geart fan Wou: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 5:
Geert fan Wou wie de soan fan in klokkejitter. Hy waard yn [[1474]] as poarter fan [[De Bosk]] ynskreaun. Yn [[1477]] socht er gearwurking mei de Boske jitter Gobel Moer, mei him geat er in grutte klok foar de [[Sint-Eusebiustsjerke]] yn [[Arnhim]]. It liket derop dat Geert fan Wou dêrnei selsstannich oant wurk gien is. Sa geat er yn 1479 in lytse foarslach foar de [[Dom fan Utert|Domtoer]] fan [[Utert (stêd)|Utert]]. In jier letter fêstige er him yn Kampen.
[[Ofbyld:Erfurt-Gloriosa.jpg|thumb|185px|Gloriosa yn de Dom fan [[Erfurt]] fan Geert van Wou]]
Geert fan Wou hat syn reputaasje fral te tankjen oan syn swiere liedklokken, dy't er meast foar stêden yn Dútslân geat, sa as [[Hamburch]], [[Osnabrück]] (weirekke), [[Recklinghausen]] (trije klokken, 1500), [[Braunschweig (stêd)|Braunschweig]] (trije klokken, 1502) en [[Erfurt]]. Foar Erfurt makke er yn [[1497]] de ferneamde klok Gloriosa mei in gewicht fan likernôch 11.400 kg. Dy klok tsjûget fan syn grutte betûftens yn it jitten mar ek fan syn omtinken foar fersieringen en opskriften. It liedwurk fan de Domtoer te Utert út [[1505]] is syn grutste prestaasje; it bestiet út leafst trettjin klokken dêr't de swierste fan 8100 kg waacht (de sân lytste binne yn [[1664]] omsmoltenomraand foar in nije beierd en yn [[1982]] rekonstrearre). Dochs krige er nei it foltôgjen fan de opdracht krityk fan it Domkapittel, faaks omdat de klank troch in wizige profyl oars wie as eardere klokken dy't er makke hie.
 
Nei [[1507]] waard er minder warber en geat syn klokken faak yn 'e mande mei syn styfsoan Johannes Schonenborch. Dat jildt ûnder oaren foar it swiere klokwurk foar [[Lübeck]] út 1507. De klokken út de perioade [[1523]] oant [[1527]], sinjearre mei Geert fan Wou, binne wierskynlik fan syn soan (dy't fan 1528 - 1542 mei [[Johan ter Steghe]] wurke) of neef mei deselde namme.