Bajuwaren: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Holder (oerlis | bydragen)
No edit summary
 
Rigel 6:
Sûnt twadde helte [[20e iuw]] hat histoarysk en argelogysk ûndersyk hieltyd mear bewiis opsmiten foar de teory dat de Keltyske Boii opnaam binne yn it [[Romeinske Ryk]] en har dêrnei fermingd hawwe mei Germaanske folken dy't der foar keazen yn de kontreien te bliuwen of troch de Romeinen twongen waarden om har dêr del te jaan. Likernôch [[6e iuw]] wurdt der sprutsen oer in wiere stam fan Bajuwaren. Harren oanfierders wienen besibbe oan Frankyske en faaks ek de [[hartochdom Swaben|Allemannyske en Swabyske]] foarstenhuzen. [[Regensburg (stêd)|Regensburg]] jidt as de haadstêd fan de Bajuwaren en waard yn de [[Karel de Grutte|Karolingyske]] tiid it sintrum fan it East-Frankyske Ryk.
 
Buorfolken fan de Bavarii wienen de [[Allemannen]] yn it westen, de [[Franken (folk)|Franken]] yn it noarden, de [[Longobarden]] yn it suden (oarekant de [[Alpen]]), de [[Jeraziatyske Avaren||Avaren]] yn it súdeasten en de [[Slavyske folken|Slaven]] yn it easten. De rivier de [[Lech (rivier)|Lech]] wie de grins tusken de Bajuwaren en de Allemannen en jidt ek tsjintwurdich noch as taalgrins tusken de [[Swabysk]]e en [[Beiersk]]e dialekten.
 
Plaknammen dy't no it suffiks ''-ing'' hawwe, lykas [[Flaurling]], [[Freising (stêd)|Freising]], [[Straubing]], [[Germering]], [[Erding (stêd)|Erding]] en [[Leonding]], binne fan Bajuwaarske oarsprong en binne nei alle wierskyn al om [[550]] hinne ûntstien.