Russysk-Amearika: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Holder (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 63:
[[File:Russian Orthodox Church.jpg|right|thumb|230px|In [[Russysk-Otterdokse Tsjerke|Russysk-otterdokse]] [[tsjerke]] yn [[Sitka (Alaska)|Sitka]].]]
 
Doe't Aleksander Baranov yn [[1818]] mei [[pinsjoen]] gie, late dat ta in ferswakking fan 'e RAK. Yn [[1821]] waard it [[hânfêst]] fan 'e Russysk-Amerikaanske Kompanjy fernijd, en dêrby waard de regel ynfierd dat tenei alle hege posten yn it bedriuw beset wurde moasten troch [[marine]]-[[ofsier]]en. Om't de measte marine-ofsieren neat fan [[hannel]] ôfwisten, lit stean fan it spesifike mêd fan 'e pelshannel, droech dat sterk by oan 'e delgong fan de RAK. It nije hânfêst besocht ek alle kontakten mei bûtenlanners troch te snijen, benammen dy mei de [[konkurrinsje (ekonomy)|konkurrinsje|konkurrearjende]] Amerikanen. Mar mei't de Russyske delsettings yn Alaska tsjin dy tiid yn har fuortbestean folslein ôfhinklik wurden wiene fan Amerikaanske befoarrieding, hie dy strategy in jammerdearlik effekt.
 
Dêrop besocht men de posysje fan 'e RAK fuort te sterkjen troch formele [[ferdraggen]] mei de Amerikanen en de Britten te sluten. It [[Russysk-Amerikaansk Ferdrach fan 1824]] erkende it eksklusive Russyske rjocht op 'e pelshannel boppe 54°40' [[noarderbreedte]], wylst de Amerikanen ûnder dy line frij jeie mochten. Dy ferdieling waard it jiers dêrop fannijs fêstlein yn it [[Ferdrach fan Sint-Petersburch (1825)|Ferdrach fan Sint-Petersburch]], dat de grins tusken Russysk-Amearika en [[Britsk Noard-Amearika]] fêststelde. Hoewol't it dêrmei op papier allegear skoan regele wie, lieten de pelsjagers har dêr neat oan gelegen lizze, dat yn 'e praktyk feroare der neat.