The Truth of Valor: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Holder (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 42:
Op Stasjon 24 besiket Torin Pedro en de oare bergers te mobilisearjen om Craig te befrijen, mar de yndividualistyske bergers wegerje om nei har te harkjen. Se binne der fan oertsjûge dat Craig al dea of net mear te rêden is. Uteinlik jout Torin it oer om harren fan it tsjindiel te besykjen te bepraten. Se keapet in lyts bergingsskip fan Pedro, de ''Second Star'', en set mei allinne Presit en har kameraman Ceelin a Tar guPolinstarta ôf. Presit har piloat, Merik a Tar konDelasinskin, is ûnderwilens útstjoerd om trije pakketsjes foar Torin op te heljen: as de beide romteskippen inoar moetsje blykt it te gean om guon fan Torin har fertroude ûnderhearrigen dy't mei har ferskate aventoeren oerlibbe hawwe: de Krai-[[marinier]]s Werst en Ressk en de [[minske|minklike]] [[skerpskutter]] Binti Mashona. Alle trije binne tagelyk mei Torin út 'e kriichsmacht ôfswaaid, en net ien fan allegear hawwe se harren draai yn 'e boargermaatskippij fine kinnen. Mei't Craig harren fan 'e [[finzenis]]planeet befrijd hat (sjoch: ''[[Valor's Trial]]''), binne se bliid dat se him no werombetelje kinne.
 
Oan board fan 'e ''Heart of Stone'' is Craig ûnderwilens [[martele]], mar hy hat neat priisjûn. Mei it each op syn eardere minne ûnderfinings mei foltering beslút Cho om it oer in oare boech te smiten, op oanrieden fan syn [[skipsdokter]] Doc, in eardere [[legerdokter]] dy't troch [[trauma (psychysk letsel)|trauma|oarlochstrauma's]] sa skeind is dat er de [[skizofreny|spjalte persoanlikheid]] ûntwikkele hat fan in soarchsume [[dokter]] en in ûnmeilydsume [[boal]]. Se biede Craig lidmaatskip fan harren [[bemanning]] oan, no't se him alles ôfnommen hawwe en syn hiele eardere libben (tinke se) ferwuostge hawwe. Craig hat lykwols hoegenamt gjin twifels dat Torin de oanfal yn it wrakfjild oerlibbe hat, en dat se him rêde sil as er mar langernôch yn libben wit te bliuwen. Hy beslút dêrom Cho-en-dy oan it lyntsje te hâlden, en beart dat er ynstimt mei harren foarstel.
 
Cho hat yn 'e tuskentiid in oerienkomst sletten mei Big Bill Ponner, de baas fan it romtestasjon Vrijheid, dat neffens alle offisjele ferslaggen yn 'e oarloch ferlern gien is. Yn wurklikheid is it noch altyd lokalisearre dêr't it altyd west hat, en makket Big Bill der no de tsjinst út, dy't him fan alle [[hannel]] dy't der plakfynt 15% ta-eigenet. Big Bill hat sels noch grandioazere ideeën, om fan 'e piraten in militêre macht fan belang te meitsjen, dy't ferskate romtestasjons behearsket en as gelikense [[Underhanneling|ûnderhannelje]] kin mei it [[parlemint]] fan 'e Konfederaasje. Cho syn fynst fan 'e wapenkast stelt him by steat om 'e piraten te bewapenjen en syn plannen wier te meitsjen. Big Bill en Cho komme ta in oerienkomst om gear te wurkjen by it iepenjen fan 'e wapenkast, dat plakfine sil yn in diel fan it stasjon dêr't foarhinne in [[metaal]]smelterij wie. Sa rint Cho net it risiko dat as de wapenkast ûntploft, syn romteskip mei de loft yngiet. Op Vrijheid wurdt Craig sadwaande mei de geniale jonge di'Taykan-piraat di'Berinango Nadayki oan it wurk set om 'e dûbele fersegeling fan 'e wapenkast te trochbrekken.