Oalje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
oanfolling
Holder (oerlis | bydragen)
No edit summary
 
Rigel 1:
[[File:Italian olive oil 2007.jpg|right|thumb|100px|In flesse [[olive-oalje]].]]
'''Oalje''' ([[meartal]]: '''oaljes''')<ref name="f-n">{{Fuotnoat|{{Berjocht:Frysk-Nederlânsk|661}}}}</ref> is de oantsjutting foar eltse [[polariteit (skiekunde)|non-polêre]] [[skiekundige substânsje]] dy't op [[keamertemperatuer]] de foarm fan in [[fiskoaziteit|sjerperige]] [[floeistof]] hat en sawol [[hydrofoob]] is (him net of amper mei [[wetter]] minge lit) as [[lipofilisiteit|lipofyl]] (him maklik mei oare oaljes minge lit). It byhearrende [[eigenskipswurd]] is '''oaljich'''.<ref name="f-n"/> De measte oaljes binne [[fersêding (skiekunde)|ûnfersêde]] [[lipide]]n (fetten). Se befetsje in protte [[koalstof]] en [[stikstof]], en binne dêrom ornaris [[ûntflamberens|ûntflamber]]. It [[wurd]] 'oalje' komt fan it [[Frânsk]]e ''oile'', dat weromgiet op it [[Latyn]]ske ''oleum'', dat wer fan it [[Gryksk]]e ἔλαιον, ''elaion'' komt, dat "[[olive-oalje]]" betsjut, fan ἐλαία, ''elaia'', "[[olivebeam]]".
 
De algemiene definysje fan it begryp 'oalje' omfiemet klassen fan skiekundige stoffen dy't fierders ûnbesibbe binne op it mêd fan [[atoom|atomêre struktuer]], [[eigenskip]]pen en gebrûksmooglikheden. Oaljes kinne [[dier]]lik, [[plant]]aardich of [[petrogemy]]sk fan aard wêze, en kinne [[flechtigens (skiekunde)|flechtich]] wêze of net. Se wurde brûkt foar tige útinoar rinnende doelen, lykas [[itensieden]] (bgl. [[olive-oalje]]), [[ferwaarming (proses)|ferwaarming]] (bgl. [[stookoalje]]), [[genêskunde|medyske doelen]] (bgl. [[etearyske oalje]]) en [[smaarmiddel|smaring]] (bgl. [[motoroalje]]). Yn 'e [[yndustry]] wurde oaljes fierders ek brûkt foar de produksje fan [[ferve]], [[plestik]] en oare materialen. Spesjaal tarette oaljes wurde yn beskate [[religieuze]] [[seremoanje]]s en [[rituelen]] brûkt foar [[reiniging]] of oare doelen. [[Oleogemy]] is de tûke fan 'e [[wittenskip]] dy't de [[gemy]] fan natuerlike oaljes en [[fet (stof)|fetten]] bestudearret.