Púnjers: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L →‎Skiednis: gaadliker
PieterJanR (oerlis | bydragen)
L Correctie
 
Rigel 14:
De earste Fenysjers fêstigen harren yn it westlike Middellânske Seegebiet yn de [[tolfde iuw f.Kr.]] en hja foarmen hannelsrûtes fan de Fenisyske hannelsstêden [[Tyrus]], dêr't [[Kartago]] fan út stifte waard, en [[Sidon]]. De Púnjers holden kontakten mei de Fenysjers, mar ûntwikkelen ek nauwe bannen mei de lânseigen folken yn it westlike Middellânske Seegebiet, en namen guon fan harren kultuerele eigenskippen oer. Guon fan dy eigenskippen waarden troch alle Westfenysjers yn it algemien oernaam, wylst oare eigenskippen beheind warden ta guon Punyske regio's.
 
De Westfenysjers stiften in stikmannich [[stêdsteat]]en, dêr't Kartago fan de [[fyfde iuw f.Kr.]] ôf de grutste en machtichste fan waard. Yn de [[fjirde iuw f.Kr.]] kamen de Punyske gebieten yn Sisyle en Sardynje ûnder Kartaachsk bestjoer, wylst oare Punyske stêden bûten Kartaachsk besjoer wisten te bliuwen. Yn de [[Punyske oarloggen]] (264-146 f.Kr.]]) ferlear Kartago syn hegemony yn it westlike Middellânske Seegebiet oan de [[Romeinske Republyk]] en nei it [[Belis fan Kartago]] yn [[146 f.Kr.]] waard dy stêd troch de Romeinen folslein ferwoastge. Nei de fal fan Kartago bleau de Punyske taal en kultuer bestean oant wol yn de [[Lette Aldheid]] ta.
 
== Namme ==