Indecent Proposal (film): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
PieterJanR (oerlis | bydragen)
L Linkfix
Rigel 44:
Dêrop makket Gage nije avânses yn 'e rjochting fan Diana. Hoewol't se har dêr yn 't earstoan tsjin ferset, stimt se der úteinlik mei yn om tiid mei him troch te bringen, wêrnei't se stadichoan in relaasje krije. Underwilens belibbet David in djiptepunt foar't er stapke foar stapke syn libben wer op 'e rails kriget. As Diana in formele [[skieding (houlik)|skieding]] oanfreget, ûndertekenet David de papieren en jout de miljoen dollar oan har wei, om't er der neat mear fan hawwe wol.
 
Diana jout ûnderwilens Gage te kennen dat se prate moatte. Gage, dy't trochhat wat se sizze wol, begrypt einlings en te'n lêsten dat sy beiden nea in relaasje hawwe sille dy't dy fan Diana en David belykje kin. Om't er ek ynsjocht dat se langet om werom te gean nei har man, fertelt er har dat sy net mear as de lêste is yn in lange rige 'miljoendollarfammen' mei wa't er it oanlein hat. Diana begrypt dat Gage dat seit om it makliker foar har te meitsjen en gean by him wei. Hy jout har syn geloksmunt, dy't twa deselde kanten blykt te hawwen. Diana giet nei de [[pier (dyk)|pier]] dêr't David har sân jier earder frege om mei him te [[trouwen]]. Dêr is in twasidige [[sitbank]], en hy sit dêr. Sy giet oan 'e oare sitten, mei de rêch nei him ta, mar harren hannen sykje inoar en gripe inoar fêst.
 
==Rolferdieling==