Streaming media: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
PieterJanR (oerlis | bydragen)
L Link gelijk aan linktext
Rigel 1:
'''Streaming media''' ([[Ingelsk]] foar "streamende media"; [[útspr.]]: ['stri:mɪŋ 'mi:dia], likernôch: "<u>strii</u>-ming <u>mii</u>-di-a") binne [[media]] dy't streekrjocht fia [[Kompjûter|kompjûter]]netwurken (lykas it [[ynternet]]) ferspraat wurde. Dat proses wurdt '''streaming''' of ek wol '''streamen''' (útspr.: ['stri:mən], likernôch: "<u>strii</u>-mun") neamd. It is in populêre distribúsjemetoade by [[webcast]]s (útstjoerings oer it ynternet), by it besjen fan [[webfideo|webfideo's]] (bgl. op [[YouTube]]) of fan [[video-on-demand]] (bgl. fia [[Netflix]] of [[Disney+]]) en by it beharkjen fan [[muzyk]] (bgl. fia [[Apple Music]] of [[Spotify]]). By streaming wurdt oanhâldend in diel fan 'e data yn 'e buffer pleatst, sadat in programma op in [[mediaplayer]] ôfspile wurde kin. Dêrtroch kinne de ûntfongen media (fideo en audio) fuortendaliks konsumearre (besjoen en beharke) wurde troch de brûker, sûnder dat de hiele útstjoering dan al [[download]] is.
 
Yn bredere sin kin steld wurde dat streaming ek bûten it ynternet om ien fan 'e primêre distribúsjemetoaden fan media is, mei't de measte distribúsjemetoaden ynherint streaming (d.w.s. flechtich) of ynherint net-streaming (d.w.s. duorjend) binne. [[Radio]]- en [[tillefyzje]]-útstjoerings kinne bygelyks sjoen wurde as net-ynternetrelatearre foarbylden fan streaming media, wylst [[boek]]en, (papierrene) [[krante]]n en [[tydskrift]]en, [[dvd's]] en [[cd's]] foarbylden binne fan media dy't dúdlik net-streaming binne.