Swart: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
PieterJanR (oerlis | bydragen)
L Link gelijk aan linktext
Rigel 8:
| CMYK = (0, 0, 0, 100)
}}
'''Swart''' is de [[dûnker]]ste [[kleur]] en is a-gromatysk, wat sizze wol dat it eins gjin [[tint]] hat. [[Natuerkunde|Natuerkundich]] sjoen is swart eins gjin echte kleur yn 'e gongbere betsjutting fan dat [[wurd]], mei't swarte foarwerpen alle [[weachlingte]]n fan [[sichtber ljocht]] [[absorpsje (natuerkunde)|absorbearje]]; men soe dus sizze kinne dat swart alle kleuren tagelyk is. By [[additive kleurminging]] (bgl. op 'e [[tillefyzje]]s en [[Kompjûter|kompjûter]]skermen) wurdt swart makke troch 0% fan eltse kleur te nimmen. By [[subtraktive kleurminging]] (bgl. yn 'e [[druktechnyk]]) wurdt it (yn teory) lykwols kreëarre troch 100% fan eltse kleur te brûken. (Yn 'e praktyk smyt dat lykwols in smoarch [[brún|brune]] kleur op en is it nedich om swart ta te foegjen.) Swart is it [[tsjinsteld]]e fan [[wyt]]; as men swart en wyt mingt, kriget men [[griis]]. Hoewol't swart feitliks gjin tint hat, wurde der ornaris dochs ferskate tinten swart ûnderskaat, dat eins tinten fan oare kleuren binne. Men kin dan tinke oan tige dûnkere tinten [[griis]], [[brún]], [[read]], [[blau]] en [[grien]]. Swart wurdt assosjearre mei de [[nacht]], it [[tsjuster]], de [[dea]], [[rou]], it [[kwea]], [[earnst]] en [[gesach]]. It is in wichtige kleur yn hast alle [[religy]]en fan 'e wrâld. Yn 'e [[heraldyk]] is swart in [[heraldyske kleur]] en hat it de namme '''sabel''' (nei de dûnkere [[pels]] fan 'e [[sabelmarter]]). Yn [[sprekwurd]]en seit men: sa swart as [[git]], sa swart as [[grûn|ierde]], sa swart as [[inket]], sa swart as de [[nacht]], sa swart as [[ruot]] of sa swart as [[tarre]].
 
<gallery mode=packed heights=150px style="text-align:left">