Winchester Repeating Arms Company: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
PieterJanR (oerlis | bydragen)
L Link gelijk aan linktext
 
Rigel 31:
De [[Volcanic Repeating Arms Company]] waard yn [[1855]] yn [[Norwich (Konettikut)|Norwich]], yn de [[Amerikaanske steat]] [[Connecticut]], oprjochte troch [[Horace Smith (útfiner)|Horace Smith]] en [[Daniel B. Wesson]], mei [[jild]] fan in stikmannich [[ynvestearder]]s. De grutste [[oandiel]]hâlder wie [[sakeman]] [[Oliver Winchester]]. Smith en Wesson ferlieten it [[bedriuw]] lykwols allebeide al binnen in jier en foarmen neitiid tegearre de [[Smith & Wesson Revolver Company]]. Volcanic [[ferhuze]] yn [[1856]] nei [[New Haven (Konettikut)|New Haven]], mar gie oan 'e ein fan dat jier oer de kop. De hiele [[ynboel]] waard opkocht troch Oliver Winchester, dy't it bedriuw yn [[april]] [[1857]] in trochstart meitsje liet as de New Haven Arms Company.
 
De haad[[wapensmid]] fan Volcanic, [[Benjamin Tyler Henry]], dy't mei oergien wie nei it nije bedriuw, ûntwikkele neitiid op basis fan earder wurk fan Smith foar Volcanic it [[.44 Henry]]-[[patroan (munysje)|patroan]]. Hy hie ek it tafersjoch oer it folslein op 'e nij besjen fan it ûntwerp fan it [[Volcanic-gewear]], dat inkeld de algemiene foarm fan it [[efterlader|efterladend]] meganisme en it buisfoarmige [[magazyn (fjoerwapen)|magazyn]] behold. Sa ûntstie it [[Henry-gewear]], dat yn [[1860]] troch de New Haven Arms Company op 'e merk brocht waard. It waard yn 'e [[Amerikaanske Boargeroarloch]] ([[1861]]-[[1865]]) yn oansjenlike oantallen brûkt troch beskate ienheden fan it (Noardlike) [[Leger fan de Uny|Leger fan de Uny]]. Nei ôfrin fan 'e [[boargeroarloch]] besocht Henry, dy't [[lulk]] wie oer wat er seach as in te lege fergoeding fan syn tsjinsten, it [[Steatskongres fan Connecticut]] safier te krijen dat it eigendom fan 'e New Haven Arms Company oan him oerdroegen waard. Winchester, dy't op dat stuit yn [[Jeropa]] wie, hastige him werom nei hûs om dat foar te kommen. Hy neamde de New Haven Arms Company om ta de Winchester Repeating Arms Company.
[[File:Winchester Model 1866.jpg|left|thumb|250px|De [[Winchester Model 1866]].]]