Domtsjerke fan Salzburg: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 44:
[[File:Catedral de Salzburgo, Salzburgo, Austria, 2019-05-19, DD 08.jpg|thumb|260px|<center>''Ynterieur''</center>]]
== Arsjitektuer ==
Oan wjerskanten fan de gevel steane de wat nei foarren springende fjouwer ferdjippings hege tuorren. By de trije tagongsportalen steane de bylden fan [[Petrus (apostel)|Petrus]], [[Paulus]], Rupert en Virgilius. Yn it midden fan de gevel binne de bylden fan de fjouwer evangelisten opsteld, wylst de top bekroand wurdt mei de bylden fan [[Jezus (tradisjoneel-kristlik)|Jezus]] en oan wjerskanten [[Mozes (profeet)|Mozes]] en [[Elía]]. De trije brûnzen doarren binne modern en datearje útde jierren 1950. De doarren binne troch ferskillende keunstners makke en stelle de Hope, it Leauwe en de Leafde foar.
 
De domtsjerke hat in foarhal en is trijeskippich. Yn de sydskippen binnen oan beide kanten fjouwer kapellen ûnderbrocht, dy't mei in trochgong mei inoar ferbûn binne. It transept en it koer hawwe in klaverblêdfoarmige plattegrûn.