Gert Cantor: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 7:
Neist syn posysje as hofmuzikant hold Gert Cantor tegearre mei syn frou Karin in [[herberch]] yn it wurk, dy' t faak besocht waard troch gasten fan it keninklik hof; bygelyks de gesant fan de Hillige Roomske keizer [[Jakob von Beczek]] hold geregeldwei ta yn dy herberch. <ref>Sture Arnell (1951). Karin Månsdotter. Stockholm: Wahlström & Widstrand. ISBN</ref>
 
Cantor stiet bekend as dejinge dy't Erik XIV yntrodusearre by syn lettere leafde en keninginne, [[Karin Månsdotter]], dy't as tsjinstfaam yn sy herberch wurke. Yn werklikheid soe it net Cantor sels west hawwe, mar syn oarehelte Karin dy't de herberch behearde, Karin Månsdotter yn tsjinst hie en har oan de kening foarstelde. Dat soe ek blike kinne út it feit dat doe't Karin Månsdotter de frijster[[mêtresse]] fan de kening waard, hy in sulveren rieme nei Gert Cantors frou Karin stjoerde as blyk fan syn tankberens foar it him yn de kunde bringen fan Karin Månsdotter. Cantor syn frou Karin wurdt ek mear as ien kear neamd yn de list fan de leden fan Karin Månsdotters hûshâlding yn de perioade dat hja de frijster fan de kening wie.
 
Op 21 juny 1567 wie it slaande deilis tusken Gert Cantor en Erik XIV; der waard sein dat dy lêste him benei mei syn swurd of dolk delstutsen hie.<ref>Sture Arnell (1951). Karin Månsdotter. Stockholm: Wahlström & Widstrand. ISBN</ref> Doe't de kening de oare deis de syn wachters stjoerde om Cantor op te pakken, wie Cantor al út it hof en faaks Sweden wei.