Libanon (berchtme): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L tekst by plaatsje
PieterJanR (oerlis | bydragen)
L Link gelijk aan linktext
Rigel 35:
Neffens it skriuwen fan [[Eusebius fan Caesatrea]] liet de [[Romeinske keizer]] [[Konstantyn de Grutte]] in timpel fan [[Fenus (mytology)|Fenus]] yn de bergen fan de Libanon ferniele. Nei de [[fyfde iuw]] n.Kr. kamen kristlike [[muonts]]en, dy't folgelingen fan de hearremyt [[Maron fan Beit]] wiene, fan noardlik Syrje nei it uterste noarden fan de Libanon en preekje harren leauwe oan de befolking dêre. Oan de ein fan de [[achtste iuw]] hiet de [[Byzantynske Keizerryk|Byzantynske keizer]] de [[Mardaïten]] om harren yn it noarden fan Libanon te festigjen om islamityske gebieten yn Syrje oan te fallen. Hja mingden mei de pleatslike befolking en hja wegeren it gea te ferlitten nei't de keizer in ferdrach mei de [[kalyf]] fan [[Damaskus]] sletten hie, dus se waarden part fan de Maroniten. Yn [[1291]] nei de [[Belis fan Akre (1291)|fal fan Akre]] fêstigen de oerbliuwende Jeropeanen, dy't it slagge wie om út de hannen fan de [[Mammelukken]] te bliuwen, harren yn Noard-Libanon, en hja waarden ek part fan de Maroniten.
 
Yn de [[njoggende iuw]] fêstigen [[Stamme|stamme]]n fan de [[Janukiden]] út Syrje wei yn Súd-Libanon. Dy stammen waarden yn de [[alfde iuw]] bekeard ta it leauwe fan de [[Druzen]] en hja hearsken dat gebiet dat bekend kaam te hjitten as ''[[Jabal ad-Druze]]''. Nei it besykjen de Libanon te ferienigjen, waarden Maroniten en oare [[kristenen]] yn it gebiet fan de Druzen talitten.
 
Yn de [[Achttjinde iuw|achttjinde]] en it begjin fan de [[njoggentjinde iuw]] kamen der mear en mear Maroniten yn it gebiet fan de Druzen. De Druzen seagen dy Maroniten as in driging en dat late ta ferskate tsierderijen yn it midden fan de njoggentjinde iuw. Der bruts al gau in lytse [[boargerkriich]] út en tûzenen kristenen waarden ôfslachte. De Druzen wûnen dy slach, mar Jeropeeske machten, sa as [[Frankryk]] en it [[Feriene Keninkryk]], griepen yn út namme fan de Maroniten, en hja ferparten Libanon yn in Maronitysk en Druzysk part. In stikmannich Druzen ferfearen dêrnei nei súdlik Syrje. Yn [[1861]] waard it autonoom distrikt Libanon yn it [[Ottomaanske Ryk]] stifte, lykwols ûnder ynternasjonaal tafersjoch. It waard behearske troch in Ottomaanske lânfâd, de ''Mutasarrıf''. Kristenen foarmen de mearderheid fan de befolking fan de Libanon, mei in grutte Druzyske minderheid .