Willem Drees: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L stavering hifke
Rigel 12:
 
== Lanlike polityk ==
Yn 1933 waard Drees keazen yn de [[Twadde Keamer]]. Hy moast dêrom wol ôfgean as wethâlder. Wol bleau er oant oktober 1940 lid fan de Ried en fan de Steaten. Dêrneist wurke er as bestjoerder op gâns oare terreinen. De list fan funksjes dy’t Drees yn de rin fan de tiid krige yn de polityk en it maatskiplike libben, wie ûnbidich grut. Iroanysk wie dan ek it feit dat Drees as foarsitter frege waard om te ûndersykjen oft it mooglik wie om oare funkjes neist de politike te hawwen. Yn de jierren tritich wie Drees in grut foarstanner fan in aktive [[grutte krisis|krisispolityk]] troch de gemeenten en it nasjonale regear. Foardat it [[Plan fan de Arbeid]] opsteld waard, pleite er yn de Ried en de Keamer al geregeld foar oardering fan it bedriuwslibben en útfiering fan grutte iepenbiere wurken. [[Yndustrialisaasje]] wie neffens him in strukturele oplossing foar de grutte wurkleazens. Earder as de measte oare promininte SDAP-leden spriek er him út foar de devaluaasje fan de gûne. Mei krêft bestried Drees de opfettings fan de [[Nasjonaal sosialismeNasjonaalsosjalisme|nasjonaal sosjalistyske]] beweging en oare anty-demokratyske groepearrings. Gearwurkje mei de [[Kommunistyske Partij Nederlân]] (CPN) woe er perfoarst net. Yn 1937 waard Drees keazen ta twadde foarsitter fan de fraksje. Twa jier letter waard er ek twadde foarsitter fan it partijbestjoer. Doe't [[Johan Willem Albarda|Johan Albarda]] yn augustus 1939 minister waard, folge Drees him op as fraksjefoarsitter. Yn itselde jier waard er foarsitter yn de Steaten en de Haachske Ried. Drees wie in de rin fan de jierren tritich opklommen nei de top fan de partij.
 
Ideologysk naam er gjin útsprutsen posysje yn. Hy befûn him meastal yn it midden fan syn partij. Hy hie de marksistyske literatuer goed bestudearre en foar [[Karl Marx]] sels hie er grutte bewûndering. Mar hy joech de klam oan de herfoarmings en net oan de revolúsjonêre eleminten fan Marx.
 
== De Dútske besetting ==