Partij fan de Arbeid: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 20:
De Partij fan de Arbeid waard oprjochte op [[9 febrewaris]] [[1946]]. Yn de nije partij gienen de foaroarlogske [[SDAP]], [[Frijsinnich Demokratysk Bûn|VDB]] en [[Christelijk-Democratische Unie|CDU]] op. Fierder waarden ek guon lju fan de eardere [[CHU]] en [[RKSP]] en guon partijleazen lid fan de nije partij.
 
De Partij fan de Arbeid wwaard opset as in brede progressive folkspartij, mei plak foar tsjerkske en net-tsjerkske minsken fan progressyf sinjatuer. Om konfesjonele leden en kiezers oan de partij te binen waard in trochbraak-gedachte neamd. Yn de besettingstiid yn de [[Twadde Wrâldkriich]] waard der al praten oer in brede folkspartij, foaral yn in it [[kamp Sint Michielsgestel]], dêr't in soad liedende politisy en wittenskippers yn it gefang sieten. Nei de befrijing late dit ta de oprjochting fan de [[Nederlânske folksbeweging]] (NFB) mei [[Willem Banning]] en [[Wim Schermerhorn]] as lieders. Ek kamen der katolike leden lykas [[Marga Klompé]] en [[Jan de Quay]]. Yn de NVB kaam rûzje oer De Quay. Dizze man hie de [[Nederlânske Uny]] laat yn de Twadde Wrâldkriich. In soad leden koenen dit net aksepteareakseptearje. Dêrom rjochten de katoliken in eigen partij op. DizzeDy partij waard de [[KVP]] neamd. De nije PvdA krige mar in pear progressive katolike en protestantske leden. In echte trochbraak kaam der net fan omdat de KVP, [[ARP]] en de CHU bestean bleaunen.
 
== De skiednis fan de stânpunten ==