Jan Lever: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L in tal taalkundige saken
Rigel 16:
 
== Deasketten yn in fjoergefjocht ==
Jan Lever ferliet Snits nei de oerfal en gie nei [[Drachten]] ta. Omt de besetters him op it spoar wiene, gie hy fierder en sleat him oan by in Grinslanner knokploech. Op [[21 augustus]] 1944 die er mei twa oare fersetsstriders mei oan in oerfal op it distribúsjekantoar fan Slochteren. De amtners en de oanwêzige besikers waarden opsluten. Ien fan harren hie lykwols in reservekaai, dêr't er mei ûntsnapte. Dy persoan alarmearre de Dútske ynstânsjes, dy't de trije oerfallers mei harren bút efterhellen op in boerehiem yn Eenum. Dêr ûntstie in fjoergefjocht, dêr't Jan Lever by troffen waard.<small>(''boarne?'')</small>
Meistrider Hendrik de Haan kaam ek om. It tredde lid fan de knokploech, Kornelis Roeters, stoar yn it konsintraasjekamp [[Sachsenhausen (konsintraasjekamp)|Sachsenhausen]].