Oerbefelhawwer: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Side makke mei "{{Wurk}} In '''oerbefelhawwer''' is dyjinge dy't de heechste lieding hat oer alle striidkrêften, mei lânmacht, loftmacht en marine ynbegrepen. Yn guon lannen is de..."
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 24 jan 2021 om 21.31

In oerbefelhawwer is dyjinge dy't de heechste lieding hat oer alle striidkrêften, mei lânmacht, loftmacht en marine ynbegrepen. Yn guon lannen is de steatshaad de oerbefelhawwer, sa as bygelyks de presidint fan de Feriene Steaten, dy't it oerbefel oer de Ameikaanske striidkrêften hat. Yn Nederlân hat it regear de oerbefel en dy stelt in bepaald persoan oan as oerbefelhawwer, sa as foar de Twadde Wrâldkriich doe't generaal Winkelman it oerbefel oer alle Nederlânske striidkrêften krige. Ek kin immen it oerbefel hawwe oer ferskate striidkrêften dy't meiïnoar oplûke, sa as yn Operaasje Overlord dy't ûnder it oerbefel fan generaal Dwight D. Eisenhower stiene.
De oerbefelhawwer is dus in autoriteit mei de heechste kommando's en dy beskikke almeast oer in grutte stêf, dy't him dwaande hâldt mei it útfieren, mar ek mei it meitsjen fan belied.

Oan dizze side wurdt noch wurke!

Fier hjir asjebleaft gjin bewurkings út
oant de skriuwer mei de side klear is.


Nederlân

 
It Keninklik Distinktyf, dat troch kening Willem-Alexander droegen wurdt wannear't er in militêr uniform draacht

Yn de Nederlânske Grûnwet stiet, yn artikel 97, dat it "regear it oerbefel oer de striidkrêften hawwe sil". Yn Artikel 42 stiet dat it regear út de monarch en de ministers bestiet en dat allinnich de ministers ferantwurdlik binne foar it hanneljen fan it regear. Yn Artikel 45 stiet fierder noch dat de ministers it grûnwurk lizze fan in kabinet, dat foarsitten wurdt troch de minister-presidint, mei de "autoriteit dy't it belied fan it regear bepaalt".

Foar in grûnwetswiziging yn 1983 stie der noch yn: "De Kening sil it oerbefel oer de striidkrêften hawwe". Dat betsjutte lykwols net dat er sels de lieding joech. It regear joech generaal Winkelman it oerbefel fan alle striidkrêften yn de Twadde Wrâldkriich.

De minister fan Definsje hat ynearsten de ferantwurdlikens foar it leger, dat offisjeel in ûnderdiel fan it Ministearje fan Definsje útmakket. De Kommandant fan de Striidkrêften is de offisier mei de heechste rang en tsjinnet as in tuskenpersoan tusken de minister fan Definsje en it leger en draacht dêrmei ferantwurdlikens foar de minister fan Definsje op it mêd fan militêr-strategysk plannen, operaasjes en it ynsetten fan it leger.