Oerbefelhawwer: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Side makke mei "{{Wurk}} In '''oerbefelhawwer''' is dyjinge dy't de heechste lieding hat oer alle striidkrêften, mei lânmacht, loftmacht en marine ynbegrepen. Yn guon lannen is de..."
 
No edit summary
Rigel 1:
{{Wurk}}
In '''oerbefelhawwer''' is dyjinge dy't de heechste lieding hat oer alle striidkrêften, mei [[lânmacht]], [[loftmacht]] en [[marine]] ynbegrepen. Yn guon lannen is de steatshaad de oerbefelhawwer, sa as bygelyks de [[presidint fan de Feriene Steaten]], dy't it oerbefel oer de AmeikaanskeAmerikaanske striidkrêften hat. Yn [[Nederlân]] hat it regear deit oerbefel en dy stelt in bepaald persoan oan as oerbefelhawwer, sa as dat barde foar de [[Twadde Wrâldkriich]] doe't generaal [[Winkelman]] it oerbefel oer alle Nederlânske striidkrêften krige. Ek kin immen it oerbefel hawwe oer ferskate striidkrêften dy't meiïnoar oplûke, sa as yn [[Operaasje Overlord]] dy't ûnder it oerbefel fan generaal [[Dwight D. Eisenhower]] stiene. <br>
De oerbefelhawwer is dus in [[autoriteit]] mei de heechste kommando's en dy beskikke almeast oer in grutte stêf, dy't him dwaande hâldt mei it útfieren, mar ek mei it meitsjen fan [[belied]].
 
== Nederlân ==
[[Ofbyld:Koninklijk distinctief.jpg|thumb|150px|It [[Keninklik Distinktyf]], dat troch kening [[Willem-Alexander fan de Nederlannen|Willem-Alexander]] droegen wurdt wannear't er in militêr uniform draacht]]
Yn de [[Nederlânske Grûnwet]] stiet, yn artikel 97, dat it "regear it oerbefel oer de striidkrêften hawwe sil". Yn Artikel 42 stiet dat it regear út de [[monarch]] en de [[minister]]s bestiet en dat allinnich de ministers ferantwurdlik binne foar it hanneljen fan it regear. Yn Artikel 45 stiet fierder noch dat de ministers it grûnwurk lizze fan in kabinet, dat foarsitten wurdt troch de [[minister-presidint]], mei de "autoriteit dy't it belied fan it regear bepaalt".
 
Rigel 10:
 
De [[Ministearje fan Definsje (Nederlân)|minister fan Definsje]] hat ynearsten de ferantwurdlikens foar it leger, dat offisjeel in ûnderdiel fan it [[Ministearje fan Definsje (Nederlân)|Ministearje fan Definsje]] útmakket. De [[Kommandant fan de Striidkrêften]] is de [[offisier]] mei de heechste rang en tsjinnet as in tuskenpersoan tusken de minister fan Definsje en it leger en draacht dêrmei ferantwurdlikens foar de minister fan Definsje op it mêd fan militêr-strategysk plannen, operaasjes en it ynsetten fan it leger.
 
== Dútslân ==
=== Bûnsrepublyk Dútslân (1956-hjoed-de-dei) ===
[[Ofbyld:Bundeswehr Reichstag Dem Deutschen Volke.jpg|thumb|Nije rekruten foar de Bûnsdei, foar't se de eed fan de ''Bundeswehr'' ôflizze. Nei it beruchte weromtinken fan it Prusysk militarisme en Nazy-Dútslân yn de 20e iuw, leit Dútslân hjoed-de-dei de neidruk op it leger as in ûnderdiel fan de parlemintêre demokrasy.]]
Doe't [[West-Dútslân]] yn 1955 lid fan de [[NAFO]] waard, waard it lân fannijs militarisearre en waard de [[Grûnwet foar de Bûnsrepublyk Dútslân]] yn 1956 wizige oangeande konstitúsjonele bepalings foar de lieding fan de striidkrêften.
 
* Yn fredestiid hat de Dútske [[List fan Dútske ministers fan Definsje|minister fan Definsje]] (''Bundesminister der Verteidigung'') ûnder Artikel 65a it oerbefel (''Inhaber der Befehls- und Kommandogewalt - IBuK'') oer de [[Bundeswehr]].
* As de [[Bûnsdei]] in gefal fan ferdigening (''Verteidigungsfall'') ferklearret, kin de [[bûnskânselier]] ûnder Artikel 115b it oerbefel oer de striidkrêften oernimme.
* De [[bûnspresidint]] hat dus alhiel gjin rôl yn it oerbefel fan de striidkrêften, alhoewol't er wol de seremoniële eare hat as steatshaad.
 
It pleatsen fan it oerbefel streekrjocht ûnder de ferantwurdlike minister is yn tsjinstelling ta de lange Dútske tradysje dat de steatshaad it oerbefel hie, sa as ûnder it [[Dútske Keizerryk]] en de [[Weimarrepublyk]]. Men fynt dat yn in parlemintêre demokrasy de kontrôle by de Bûnsdei lizze moat en troch it ûnder de ferantwurdlike minister te pleatsen, ynstee fan ûnder de Bûnskânselier, betsjut dat it leger as in ûnderdiel fan alle ferantwurdlikens fan it regear sjoen wurdt. Dat ta tsjinstelling fan eartiids doe't it leger in selsstannige ienheid fan it boargerlik bestjoer wie, en it dus as in steat yn in steat hannele. Sels yn de Weimarrepublyk waard war dien (it [[Ebert-Groener-pakt) en hâld it leger bûten politike kontrôle.
Ek de ferkiezing fan [[Paul von Hindenburg]] as [[Rykspresidint]] yn 1925 mei syn [[kamarilla]] en [[Kurt von Schleicher]] diene der net folle oan dat te feroarjen.
 
=== East-Dútslân (1960-1990) ===
De fertsjintwurdiging fan de [[Dútske Demokratyske Republyk]] (DDR), de [[Folkskeamer]], stelde op 13 febrewaris 1960 de "Wet foar it foarmjen fan de [[Nasjonale Definsjerie fan de DDR|Nasjonale Definsjerie]] " op dy't in rie gearstalden dy't út in foarsitter en op syn minst 12 leden bestie. Dat waard yn april 1968 yn de [[Grûnwet fan de Dútske Demokratyske Republyk]] opnommen. De Nasonale Definsjerie hie it oerbefel oer de ''[[Nationale Volksarmee]]'' en de foarsitter fan de rie, ornaris de sekretaris-generaal fan de hearskjende [[Sosjalistyske Ienheidsparty fan Dútslân]], waard as de oerbefelhawwer fan de DDR sjoen.
 
Op 3 oktober 1990 feriene de DDR him mei de Bûnsrepublyk Dútslân en de grûnwet en de striidkrêften fan de DDR waarden dêrmei opheft.
 
=== It Dútske Ryk (foar 1945) ===
[[Ofbyld:Bundesarchiv Bild 183-C13029, Nürnberg, Reichsparteitag, von Blomberg, Hitler.jpg|thumb|[[Werner Blomberg]] (lofts) dy't [[Adolf Hitker]] groetet op de [[Rykspartydei]] yn 1937 yn [[Neurenberch]].]]
Yn it [[Prusen#Keninkryk Prusen oant 1871|Keninkryk Prusen]], it [[Dútske Keizerryk]], de [[Weimarrepublyk]] en [[Nazy-Dútslân]] wie de steatshaad de oerbefelhawwer fan de striidkrêften. Dat wiene oant 1918 de kening fan Prusen, dy't nei 1871 de keizer fan Dútslân waard (ûnder de grûnwet fan respektivelik it keninkryk Prusen en it Dútske Keizerryk). Under de Weimarrepublyk, neffens de [[Weimargrûnwet]], wie dat de [[Rykspresidint]] en fan 1934 oant 1945 wie de ''[[Führer]]'' de ''Oberbefehlshaber'' fan de striidkrêften.
 
Under de steatshaad hie eltse militêre ôfdieling (''Teistreitskraft'') syn eigen haad dy't streekrjocht ferantwurdlikens droech oan de steatshaad en dy't yn syn ôfdieling de heechste rang hie; yn it Ryksleger (''[[Reichswehr]]'') de ''Generalfeldmarschall'' en yn de Ryksmarine (''[[Reichsmarine]]'') de ''Großadmiral''.
 
Nei't Rykskânselier [[Adolf Hitler]] nei it ferstjerren fan Rykspresidint Paul von Hindenburg, dy syn taak as Führer oernaam, stelde er yn 1935 syn kriichsminister Generalfeldmarschall [[Werner von Blomberg]] oan as oerbefelhawwer fan de [[Wehrmacht]]. Lykwols yn 1938 nei de [[Blomber-Fritsch-Affêre]] hefte er dy titel en de ministerspost op en naam sels it oerbefel oer de Wehrmacht oer. De ministerspost waard [[de facto]] troch de ''[[Oberkommando der Wehrmacht]]'', dy't troch Generalfeldmarschall [[Wilhelm Keitel]] laat waard, oernommen oant de Dútske oerjefte yn 1945.