Oerbefelhawwer: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
dien
Rigel 1:
{{Wurk}}
In '''oerbefelhawwer''' is dyjinge dy't de heechste lieding hat oer alle striidkrêften, mei [[lânmacht]], [[loftmacht]] en [[marine]] ynbegrepen. Yn guon lannen is de steatshaad de oerbefelhawwer, sa as bygelyks de [[presidint fan de Feriene Steaten]], dy't it oerbefel oer de Amerikaanske striidkrêften hat. Yn [[Nederlân]] hat it regear it oerbefel en dy stelt in bepaald persoan oan as oerbefelhawwer, sa as dat barde foar de [[Twadde Wrâldkriich]] doe't generaal [[Winkelman]] it oerbefel oer alle Nederlânske striidkrêften krige. Ek kin immen it oerbefel hawwe oer ferskate striidkrêften dy't meiïnoar oplûke, sa as yn [[Operaasje Overlord]] dy't ûnder it oerbefel fan generaal [[Dwight D. Eisenhower]] stiene. <br>
De oerbefelhawwer is dus in [[autoriteit]] mei de heechste kommando's en dy beskikke almeast oer in grutte stêf, dy't him dwaande hâldt mei it útfieren, mar ek mei it meitsjen fan [[belied]].
Line 29 ⟶ 28:
 
=== It Dútske Ryk (foar 1945) ===
[[Ofbyld:Bundesarchiv Bild 183-C13029, Nürnberg, Reichsparteitag, von Blomberg, Hitler.jpg|thumb|[[Werner Blomberg]] (lofts) dy't [[Adolf HitkerHitler]] groetet op de [[RykspartydeiRykspartijdei]] yn 1937 yn [[Neurenberch]].]]
Yn it [[Prusen#Keninkryk Prusen oant 1871|Keninkryk Prusen]], it [[Dútske Keizerryk]], de [[Weimarrepublyk]] en [[Nazy-Dútslân]] wie de steatshaad de oerbefelhawwer fan de striidkrêften. Dat wiene oant 1918 de kening fan Prusen, dy't nei 1871 de keizer fan Dútslân waard (ûnder de grûnwet fan respektivelik it keninkryk Prusen en it Dútske Keizerryk). Under de Weimarrepublyk, neffens de [[Weimargrûnwet]], wie dat de [[Rykspresidint]] en fan 1934 oant 1945 wie de ''[[Führer]]'' de ''Oberbefehlshaber'' fan de striidkrêften.
 
Line 35 ⟶ 34:
 
Nei't Rykskânselier [[Adolf Hitler]] nei it ferstjerren fan Rykspresidint Paul von Hindenburg, dy syn taak as Führer oernaam, stelde er yn 1935 syn kriichsminister Generalfeldmarschall [[Werner von Blomberg]] oan as oerbefelhawwer fan de [[Wehrmacht]]. Lykwols yn 1938 nei de [[Blomber-Fritsch-Affêre]] hefte er dy titel en de ministerspost op en naam sels it oerbefel oer de Wehrmacht oer. De ministerspost waard [[de facto]] troch de ''[[Oberkommando der Wehrmacht]]'', dy't troch Generalfeldmarschall [[Wilhelm Keitel]] laat waard, oernommen oant de Dútske oerjefte yn 1945.
 
== Feriene Steaten ==
Neffens Artikel II, Seksje 2 en Klausule I fan de [[Grûnwet fan de Feriene Steaten]] is de [[Presidint fan de Feriene Steaten|presidint]] de "oerbefelhawwer (''Commander in chief'') fan it leger en de marine fan de Feriene Steaten en fan de milysje fan ferskate steaten, wannear't se oproppen wurde foar tsjinst foar de Feriene Steaten". Sûnt de ''National Security Act'' fan 1947 wurde der alle [[Striidkrêften fan de Feriene Steaten]] mei bedoeld. De rangen fan de Amerikaanske striidkrêften hawwe harren oarsprong yn de Britske militêre tradysjes, mei de presidint dy't it oerbefel hat, mar gjin offisjele rang en dus syn boargerlike status hâldt. It is lykwols net alhiel wis hoefolle foech de presidint neffens de grûnwet presys hat. Guon kearen joech it [[Amerikaansk Kongres|Kongres]] de presidint wiidweidich foech, wylst oaren dat foech besochten te beheinen.
 
=== De steaten ===
Yn de [[Amerikaanske steaten|steaten]] tsjinnet de gûveneur as oerbefelhawwer fan de [[Nasjonale Garde fan de Feriene Steaten|Nasjonale Garde]] en de [[Steatsgarde]].
 
{{boarnen|boarnefernijing=
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch nei [https://en.wikipedia.org/wiki/Commander-in-chief ''References'' op dizze side].
}}
 
[[Kategory:Militêre rang]]