Earste Punyske Oarloch: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
→‎Ein fan de kriich: lytse oanfolling
Rigel 21:
De kriich smiet lykwols gjin beslissende súksessen op en nei goed tweintich jier wie de skatkiste fan beide partijen sa goed as leech.
 
Doe't [[Hamilkar Barkas]] yn [[247 f.Kr.]] op Sisylje it Kartaachske oerbefel krige en dat jier troch hurde oanfallen in protte earder op de Romeinen ferlern rekke terrein werom wûn, bleau Rome neat oars oer as nettsjinsteande de lege kas opnij in float gear te stallen. Diskear sprong de Romeinske aristokrasy by. De finansiering fan de float mei priveejild waard feilich steld troch de garânsje op weromstoarting by in oerwinning op Kartago. Yn [[241 f.Kr.]] besliste konsul Lutatius Katulus lang om let de kriich troch de Punyske float in swiere nederlaach ta te bringen (yn de [[Slach by de Egadyske Eilannen]]. De Kartagers longeren nei dat ferlies nei frede en wienen ree om in foar harren ûngeunstige frede te sluten.
 
De kriich hie foar Kartago in minne neisleep. Kartago begûn mei Rome oer frede te ûnderhanneljen. By de [[Frede fan Lutatius]] waard bepaald dat Kartago swiere ophelpbetellings oan de Romeinen dwaan moasten. Dêrtroch hie Kartago net genôch jild mear om syn hierlingen te beteljen, dy't dêrnei yn opstân tsjin harren hearen kamen. Benammen Libyske hiersoldaten wisten stêden yn harren bertelân, dy't ûnder Kartaachske hearskippij wiene te stokeljen harren te helpen. De hierlingen makken ynearsten stikmannich suksessen, mar lang om let waarden se folslein ferneatige troch Hamilkar Barkas. De Romeinen makken gebrûk fan de tastân en anneksearje [[Sardynje]] en [[Korsika]] yn it neidiel fan Kartago.