Egadyske Eilannen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Side makke mei "300px|thumb|De Egadyske Eilannen foar de westkust fan Sisylje Ofbyld:Islas de Levanzo y Marsala (provincia de Trapani).jpg|300px|thumb|Satel..."
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 25 jan 2021 om 06.38

De Egadyske Eilannen (Italjaansk: Isole Egadi; Sisyljaansk: Ìsuli Ègadi, Latyn: Aegates Insulae; Gryksk: Aἰγάται Νῆσοι, betsjut. 'de eilannen fan de geiten') binne in nustje fan fiif bercheftige eilannen yn de Middellânske See oan de noardwestkust fan Sisylje by de stêden Trapani en Marsala, mei in totaal oerflak fan 37,45 km².

De Egadyske Eilannen foar de westkust fan Sisylje
Satellytfoto fan de Egadyske Eilannen

It eilân Favignana (Aegusa) is de grutste en leit 16 km besúdwesten Trapani. Levanzo (Phorbantia) leit 13 km en Marettimo (Hiero Nesos) leit 24 km bewesten Trapani. Der binne ek twa lytse eilannen, Formica en Maraone, dy't tusken Levanzo en de kust fan Sisylje lizze. De eilannen foarmje meiïnoar de gemeente Favignana yn de provinsje Trapani

De befolking yn 2017 wie 4.292. Winterfroast en delslach is leech. De wichtichste boarne fan ynkommen fan de befolking is it fiskjen.

Skiednis

Der binne rotstekeningen út it Neolitikum en Paleolitikum yn grotten op Levanzo en Favignana fûn.

De eilannen wiene bekend om de Slach by de Egadyske Eilannen yn 241 f.Kr., dêr't in Kartaachske float troch in Romeinske float ferslein waard. Dy slach wie de beslissende slach fan de Earste Punyske Oarloch dy't yn it foardiel fan de Romeinen útwurke. Nei de Romeinske tiid wiene de eilannen part fan de gebieten fan de Goaten, Fandalen en Sarasenen. De Noarmannen bouden in boarch op Favignana yn 1081.

Galery