Bisdom Passau: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 7:
It bisdom waard yn 739 troch [[Bonifatius]] stifte. As bisdom ûntwikkele Passau him yn de midsiuwen ta in gebiet fan 42.000 km². Dêrmei wie Passau it grutste bisdom fan it [[Hillige Roomske Ryk]]. De grinzen gyngen eastlik sels oer [[Wenen]] hinne oant it westen fan [[Hongarije]]. De skiednis fan it [[kristendom]] yn it bisdomgebiet begûn lykwols al folle earder. Al om 300 hinne lieten de earste [[Romeinske Ryk|romeinske]] boargers harren dêr dope en yn dy tiid libben hilligen as [[Florianus fan Lorch|Florianus]], [[Falentyn fan Passau|Falentyn]] en [[Severinus fan Noricum|Severinus]].
 
Om't it gebiet fan it bisdom Passau hast hielendal yn Eastenryk lei, soarge dat jimmeroan foar strideraasje mei de Eastenrykske hearsker, dy't oanhâldend besochten it Eastenrykske oandiel fan it bisdom oan de kontrole fan Passau te ûntwinen. De Habsburgske keizer [[Freark III fan it Hillige Roomske Ryk|Freark III]] slagge der yn paus [[Paulus II (paus)|Paulus II]] te bewurkjen ta it skriuwen fan de bul ''In supramae dignitatis specula''. Dêrmei ûntstie foar it earst it [[Aartsbisdom Wenen|bisdom Wenen]], dat út in stik gebiet fan it bisdom Passau foarme waard. Ut it eardere gebiet fan it [[Aartsbisdom Salzburg|bisdom Salzburg]] ûnstie ek it doedestiidske bisdom [[Bisdom Wiener Neustadt|Wiener Neustadt]].
 
Yn 1722, ûnder biskop Joseph Dominikus von Lamberg, slagge it lang om let om Passau fan de tsjerkeprovinsje Salzburg los te skuorren. Yn 1729 moast Passau de súdeastlike gebieten fan Wenen oant Wiener Neustadt ôfstean; yn 1783 folgen de ôfskieding fan de oare Eastenrykske gebieten mei it stiftsjen fan de bisdommen [[Bisdom Sankt Pölten|Sankt Pölten]] en [[Bisdom Linz|Linz]].