Côtes-d'Armor: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 28:
 
==Geografy==
Côtes-d'Armor leit oan 'e noardlike [[kust]] fan it [[skiereilân]] [[Bretanje]], dat fan it [[fêstelân]] fan [[Noardwest-Jeropa]] útstiket yn 'e [[Atlantyske Oseaan]]. It beslacht in [[oerflak]] fan 6.878 [[km²]] en wurdt begrinzge troch it departemint [[Ille-et-Villaine]] yn it [[easten]], it departemint [[Morbihan]] yn it [[suden]], it departemint [[Finistère]] yn it [[westen]] en [[It Kanaal]] yn it [[noarden]]. De [[see]] benoarden it eastlike diel fan it departemint heart ta de [[Golf fan Saint-Malo]], in diel fan It Kanaal dat ynklamme leit tusken de kusten fan Bretanje, [[Normanje]] en de [[Kanaaleilannen]]. De kust fan Côtes-d'Armor is tige wyld, mei in protte [[klif]]fen en [[kaap|kapen]]. Foar dy kust lizze noch in grut tal [[eilantsjes]], wêrfan't guon net folle mear binne as boppe de weagen útstykjende [[rots]]en dêr't [[wetterfûgelwetter]]sfûgels [[brieden (fûgels)|briede]]. It grutste eilân is [[Bréhat (eilân)|Bréhat]]. It binnenlân fan Côtes-d'Armor is [[heuvel]]eftich, mei't it in diel fan it [[Armorikaansk Massyf]] omfettet, dat in tige âld, tige ôfsliten [[berchtme]] is.
[[File:Paimpol_Hafen_9305.jpg|left|thumb|250px|De [[haven]] fan [[Paimpol]].]]