Keunstmjittige ynseminaasje by kij: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 4:
 
Doe't dat doel berikt wie, waard geandewei tocht dat de kij troch [[keunstmjittige ynseminaasje]] (k.y.) better waarden. Nei behanneling fan it sperma kinne fan ien ejakulaasje in soad kij ynseminearre wurde, sadat goede fokbollen troch k.y. folle mear neikommelingen leverje kinne as by natuerlike dekking. Boppedat kin it sperma lange tiid bewarre wurde; dêrtroch is it mooglik dat it bollesied ek nei harren dea brûkt wurde kin. De klam op kijferbettering hat gefolgen hân foar de organisaasjestruktuer fan it k.y.-wêzen yn Fryslân. Fokbollen moatte nammentlik ek beoardiele wurde op grûn fan prestaasjes fan harren neikommelingen (molkjefte, aaiwyt- en fetgehalten, groeifermogen, melkberheid, eksterieur [uterlik], ensfh.). Dêrom wurde sûnt 1968-1969 fan alle jonge bollen dy't jierliks ynset wurde, in lyts tal earste ynseminaasjes dien; genôch om letter it ferervjend fermogen oan de neikommelingen fêst te stellen. It bollemateriaal is mei it each dêrop yndield yn de kategoryen proef-, wacht- en fokbollen. De skaalfergrutting hat ek binnen it k.y.-wêzen ta konsintraasjes laat: fan de 29 k.y-ferienings dy't der yn [[1947]] yn Fryslân wienen, binne yn 1973 nei fúzjes 5 oerbleaun. Dat wienen Noardeast-Fryslân (Gytsjerk, 61.622 earste ynseminaasjes), Súdeast-Fryslân (Nijeholtpea, 59.108), Súdwest-Fryslân (Arum, 53.636), De Knipe en omkriten (it Oranjewâld, 17.910), De Gearwurking (Garyp, 11.727). It totaal oan ynseminaasjes wie 204.003 (1973).
[[Ofbyld:Ky-stasjon yn It Oranjewâld.jpg|thumb|left|<small>kK.y.-stasjon yn Itit Oranjewâld</small>]]
 
== K.Y.-Bûn yn Fryslân ==