Poepekrús: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
No edit summary
Rigel 2:
In '''Poepekrús''' is in krús dat yn de barm fan 'e dyk útgroeven is. Earder by û.m. [[Jistrum]], [[Hurdegaryp]] en [[Bakkefean]], dêr't earder neffens oerlevering in '[[Hantsjemier|Poep]]' fermoarde wêze soe.
 
It Poepekrús oan de Harstewei by Jistrum is yn de 20e iuw noch lang ûnderhâlden. Oan de Simmerdyk tusken Hurdegaryp en Burgum, njonken pleats nûmer 40, is it Poepekrús mei in tinkstien yn de foarm fan in metalen krús sichtber makke.
 
== It Swartkrús ==
De namme It Swartkrús wurdt ek wol oan in Poepekrús taskreaun, mar de iennige sêge - út dy kontreien - dy’t earst yn 1968 troch [[Dam Jaarsma]] opskreaun waard, wol hawwe dat it om in soldategrêf giet. Dy sêge wurdt yn de wiky [[It Swartkrús]] ferteld.
 
Benoardeasten de brêge fan de Rykswei mei de [[Kûkhernster Feart]] stie neffens in sêge út dy krite dy’t nei alle gedachten troch [[Dam Jaarsma]] optekene waard, in herberge mei in pandak. Yn dat pandak wie mei swarte pannen in krús makke ta oantinken oan de moard op in [[Poep]]. Dêrmei soe dy omjouwing [[It Swartkrús]] syn namme krigen hawwe.
 
{{boarnen|boarnefernijing=