Alderdom: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
L red
 
Rigel 1:
'''Alderdom''', '''âldens''', '''âlder''' of (mei in folslein yn it [[Frysk]] ynboargere [[hollanisme]]) '''leeftyd''' is de [[tiid]]sdoer op in beskaat tiidstip dy't in [[organisme]] [[libben|libbe]] of in objekt bestien hat. Yn 'e measte gefallen sil it bedoelde tiidstip it [[no]] wêze, en de âlderdom de folsleine tiidsdoer fan libben of bestean yn [[ferline]] en [[no|hjoed]]. Alles wat yn 'e [[tiid]] bestiet (en dat is alles) hat in beskate âlderdom, fan it [[hielal]] oant it lytste [[molekúl|molekulêre]] dieltsje. De âlderdom fan in organisme of objekt kin ek allinnich mar grutter wurde, wat bart yn in proses dat [[ferâldering]] hjit. (It tsjinstelde, [[ferjonging]], is in [[myte|mytysk]] konsept dat yn it echt net bestiet.) It meast wurdt it begryp âlderdom lykwols brûkt yn 'e kontekst fan 'e libbensdoer fan [[minske]]n. De gemiddelde âlderdom fan in minsklike [[befolking]] is yn 'e [[demografy]] in wichtich middel om in yndikaasje te jaan fan û.o. de [[fergrizing]].
 
==Utdrukking fan âlderdom==