Juda (soan fan Jakob): ferskil tusken ferzjes

gjin bewurkingsgearfetting
No edit summary
No edit summary
[[File:Zygmunt Sokołowski - Józef sprzedany przez braci 1883.jpg|thumb|left|250px|''Juda's idee: Joazef wurdt troch de bruorren as slaaf oan de Ismaeliten ferkocht (Zygmunt Sokołowski)'']]
Doe't de soannen fan Jakob harren broer [[Joazef (soan fan Jakob)|Joazef]] út oergeunst deadzje woene, wie it Juda dy't frege wat sin it hie om him om te bringen. De broer Ruben besocht syn bruorren oer te heljen om him efter te litten yn in djippe put, sadat hja gjin bloed ferjitte hoegden en hy Joazef letter rêde koe. Mar doe't in hannelskaravaan nadere wie it Juda's útstel om him te ferkeapjen oan de Ismaeliten.<ref>Genesis 37:25-27</ref>
 
[[File:Judah and Tamar by J.Tissot.jpg|thumb|left|''Tamar en Juda (James Tissot)'']]
== Juda en Tamar ==
Juda krige mei syn frou Sjela, in dochter fan de Kanaänityske keapman Sjûa, trije soannen: Er, Onan en Sjela. Syn âldste soan Er troude mei [[Tamar (bibelsk persoan)|Tamar]], mar om 't er net goed libbe die God him dea. Juda hiet doe syn twadde soan Onan om foar syn ferstoarne broer in bern te ferwekken by Tamar, mar Onan wegere dat en brocht syn sied net yn Tamar mar fergriemde it oer de flier. Ek Onan waard ferflokt en ferstoar. No hie Juda noch mar ien soan en om 't er benaud wie dy ek te ferliezen stjoerde er Tamar yn har rouklean werom nei har eigen folk.
 
Jierren gyngen foarby, Juda's frou wie al ferstoan en Sjela wie folwoeksen woarn. Mar oars as de tradysje dat foarskreau waard Tamar net oan Sjela jûn. Nei't hja in mooglikheid krige om har eardere skoanheit te moetsjen woe hja wraak op Juda nimme, hja die har rouklean út, in wale foar de holle en ferklaaide har as hoer. Juda, dy't net yn 'e rekken hie dat it syn skoandochter wie en fanwegen de klean yn har in hoer seach, trape yn har fal en bea har in geit oan foar har seksuële tsjinsten. De geit soe letter brocht wurde, mar as ûnderpân krige de hoer fan Juda in segelring, in stêf en in koarde, sadat hja wis wie dat de geit folgje soe. Lykas er ûnthjitten hie liet Juda letter syn manlju de geit bringe, mar de hoer like ferdwûn en nimmen dy 't yn de omkriten wist wêr't in publike frou wenne.
[[File:Judah and Tamar by J.Tissot.jpg|thumb|left|''Tamar en Juda (James Tissot)'']]
 
Doe't Juda moannen letter it berjocht krige dat syn skoandochter oerhuorrich west hie en in bern yn har droech, easke er op hege toan dat hja de dea fertsjinne troch ferbranning. Tamar stjoerde him doe de segelring, de stêf en de koarde, mei de meidieling dat de eigner fan dy saken de heit wie fan wat hja yn har droech. Juda seach yn dat er net hannele hie neffens de Levityske tradysjes en dat Tamar foar him oer yn har rjocht stie, om't er har net oan syn soan Sjela jûn hie. Tamar brocht in twilling op 'e wrâld: Pêres en Sêrach. Juda en Tamar soene letter gjin omgong mear mei inoar ha, mar oer Pêres soe Juda's line nei kening David rinne.<ref>Genesis 38:1-27</ref>
 
9.306

bewurkings