Jan J. Bijlsma: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Tsss...
Rigel 3:
== Libben en wurk ==
Bijlsma hat yn [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]] it Stedsgymnasium ôfrûn en dêrnei oan de Rykskweekskoalle de ûnderwizersoplieding folge.
Hy wie ûnderwizer yn Sleat, [[Balk]] en [[Grou (plak)|Grou]]. Sûnt [[1958]] wie er learaar [[Nederlânsk]] oan de RSG op It Hearrenfean en redakteur fan it literêre moanneblêd ''[[De Strikel]]'' fan 1967 oant 1978. Kaam mei it idee om it ‘[[Skriuwersalmanak]]’ om te bouwen ta in kalinder en de ynstjoerders in tema foar te lizzen.
 
As dichter is er in skerp waarnimmer fan oarmans eigenaardichheden, mar hy sparret himsels de krityk ek net. Letter wurdt er wat mylder. Relativearringsfermogen, gefoel foar humor en irony binne de wapens dêr’t [[Jan Bijlsma|Jan J. Bijlsma]] syn emosjonaliteit en meilydsumens mei de baas bliuwt. Njonken persoanlike fersen is Jan J. Bijlsma ek de dichter fan guon kabaretfersen, dy’t troch [[Rients Gratama]] bekend wurden binne (bg. ‘Dit Lân’).<br>
As skriuwer fan syn iennichste [[roman]] ''[[It Fersin]]'' set er it artistike muzikantelibben foar it selsfoldiene oer, sabeare keunstsinnige fan in Fryske skriuwer mei in literêr tydskrift as ''Poadium''. Hy ken beide út eigen ûnderfining.<br>
It tegearre skriuwen fan de [[detektiveferhaal|detektive]]s út de ‘Benedictus-rige’ mei [[Anne Hellinga]] wie nij yn de Fryske literatuer.
 
Fan 1967 oant 1978 wie Bijlsma redakteur fan it literêre moanneblêd ''[[De Strikel]]''.
 
Bijlsma stoar yn jannewaris 2021 yn de âldens fan 89 jier.