Twadde Punyske Oarloch: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
red
 
Rigel 1:
[[Ofbyld:Second_Punic_War_full-nl.svg|thumb|right|300px|Kaart mei de Kartaachske fjildtochten en de wichtichste slaggen tidensyn de kriich. ]]
De '''Twadde Punyske Oarloch''' ([[218 f.Kr.]] - [[201 f.Kr.]]) tusken [[Romeinske Republyk|Rome]] en [[Kartago]] wie foar Rome de kostberste fan de trije [[Punyske oarloggen]], dy't Rome oan de râne fan de ôfgrûn brocht. Wie de [[Earste Punyske Oarloch]] fral in maritime, dêr't de Romeinen foar de earste kear ûnderfining opdienen mei seeslaggen, de twadde waard alhiel op lân útfjochte, dêr't folle gruttere tallen striders by belutsen wienen en dus ek gruttere ferliezen liede wurde koenen. Der binne twa ferslaggen oer de kriich bewarre bleaun, ien fan [[Titus Livius]] en ien fan [[Polybius]].
 
== Oanlieding ==
Rigel 15:
== Omkear yn de kriich ==
[[Ofbyld:Scipio Africanus the Elder.jpg|thumb|right|175px|''Búste fan Skipio Afrikanus'']]
Op advys fan de feteranen út de [[Earste Punyske Oarloch]] beneamt de Romeinske senaat [[Kunktator]] út har midden as [[diktator]] (lieder). Kunktator makket fan [[Skipio Afrikanus]] syn wichtichste generaal. De taktyk tsjin de Kartagers feroaret. Net langer wurdt Hannibal streekrjocht oanfallen, mar syn basis yn Spanje wurdt it doel, dêr't hy syn farske troepen en foarrieden wei hellet. Skipio wurdt mei dy taak belêste en nei in ynearsten wifeljend offinsyf komt de ferovering goed op gong. De befelhawwers fan de Kartagers yn Spanje wienen net sa briljant as [[Hannibal Barkas]] en Skipio wist de ûnderlinge ûnienigens fan dy befelhawwers en in opstân by harren [[Numydje|Numidyske]] bûnsmaten te brûken yn syn foardiel. Boppedat hienen de Romeinen nochal wat súkses mei it foar har winnen fan de Ibearyske bûnsmaten fan de Kartagers.
 
Yn Itaalje setten de Romeinen ûnderwilens in ôfmêdingskriich útein. Se mije streekrjochte konfrontraasjes mei it leger fan Hannibal en lizze swiere straffen op oan de 'ferriedlike' stêden en bûnsmaten en ferliene stipe oan stêden dy't almeast om 'e nocht belegere waarden troch Hannibal, dy't oan in belis fan de Romeinske haadstêd nea takaam wie. Yn de rin fan 15 jier kriichfieren krongen de Romeinen Hannibal lang om let yn it definsyf, fral doe't hy fan Spanje en Kartago ôfsnien rekke. Nei de beslissende oerwinning fan de Romeinen yn de [[Slach by Ilipa]] in Spanje, yn [[206 f.Kr.]] wienen de rollen omkeard. De Romeinen stutsen oer nei [[Afrika]] en fersloegen it Kartaachske leger yn inde twatal[[Slach slaggenop de Grutte Flakten]] en de slach by [[Utika (Tuneezje)|Utika]] en omsingelenbesingelen de stêd Kartago.
 
== Ein fan de Kriich ==
De Kartaachske elite besiket te ûnderhanneljen mei de Romeinen mar rôp ûnderwilens ek Hannibal nei Afrika werom. Tichteby de haadstêd waard hy lykwols ferslein yn de [[Slach by Zama Regia]]. Troch dy lêste nederlaach waarden de Kartagers twongen om echte fredesûnderhannelings te begjinnen. Hannibal flechte nei Syrje en waard de rest fan syn libben troch de Romeinen efterfolge, oant hy yn [[Bitynje]], fier fan syn heitelân yn 183 f.Kr. himsels te koart die om finzennimming troch de Romeinen te foarkommen.
 
De oarloch wie troch Kartago ferlern en har ynfloed stevichswier beheind. Allinnich Noard-Tuneezje bleau fan de Kartagers en sy moasten har ûnder it bewâld fan de Romeinen skikke. Sels in eigen leger mochten sy net langer hawwe.
 
De Romeinske senator [[Markus Porsius Kato Sensorius major|Kato]] ([[234 f.Kr.|234]] - [[149 f.Kr.]]) fûn it gefaar fan Kartago, nettsjinsteande de nederlaach, noch hieltyd sa bot dat er elke redefiering foar de Romeinske senaat einige mei de sin: "En trouwens ik bliuw de miening tadien dat Kartago ferneatige wurde moat". Kato krige lang om let syn sin yn de [[Tredde Punyske Oarloch]], dêr't Kartago by ferwoaste waard.