Hurdspytsje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
foto
 
Rigel 5:
Op [[De Jouwer]] rûn it nei de Kolk en de ophelbrêge nei it Tolhûs. Oan de oare kant fan de ophelbrêge rûn it wetter as de [[Sylroede]] út yn de [[Noarder Alde Wei|Alde Wei]]. Destiids koe fia [[De Kolk (De Jouwer)|de Kolk]] trochfard wurde nei it sintrum fan De Jouwer middels in skutslûs yn it ferlingde fan de Kolk nei de Hurdspytsje. Oan de Hurdspytsje leine túnkerijen en in grientefeiling. De te feilen griente waard mei de boat oanfierd. Doe't de tiid fan turf- en klaaifarren oer wie, foarmen de [[heechhout (brêge)|heechhout]]en noch lang in oantinken oan eartiids. It wienen de ferbinings tusken de pleatsen fan [[Westermar]] en de lannen oan de oare kant fan de Hurdspytsje. De brêgen moasten sá heech wêze dat in skip mei de mêst del der ûndertroch koe. Nei [[1932]] wie it al gjin farwetter mear.
[[Ofbyld:De Jouwer Slûsdyk Lytse Helling.jpg|thumb|De eardere Lytse Helling by de brêge yn de Slûsdyk, oer it Hurdspytsje]]
[[Ofbyld:De Jouwer Hurdspytsje grientefeilinggebou sa. 1930.jpg|thumb|Feilinggebou oan it Hurdspytsje om 1930 hinne]]
[[Kategory:De Jouwer]]
[[Kategory:Kanaal yn Haskerlân]]