Nije Slachte: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
[
Rigel 4:
 
== Alde en Nije Slachte ==
[[Ofbyld:Slachtedyk sa. 1900.jpg|thumb|Slachtedyk by De Jouwer om 1900 hinne]]
De Alde Slachte waard yn de Midsiuwen oanlein as beskerming tsjin opwaaid boezemwetter. Yn sokke tiden waarden de skutslûzen by [[Terherne]] en De Jouwer sluten en ek de kearslûzen by Jongebuorren, de [[Sâltpoel]] en [[Goaiïngaryp]]. De dyk rûn lâns de ouwers fan de [[Noarder Alde Wei]], de [[Goaiïngarypster Puollen]], de [[Snitser Mar]] en de [[Sâltpoel]].
 
Line 10 ⟶ 11:
Yn de 17e iuw rekke de Alde Slachte yn ferfal en ek de silen waarden net mear ûnderholden. De Hearresyl wie oan de ein fan de santjinde iuw net mear yn gebrûk en is yn in swiere stoarm fan 1718 fuortspield. Der wie doe in oerset fan in pleats oan de eastkant fan de [[Terkaplester Puollen]]. Yn Terherne ferwiist de strjitnamme Syl noch oan de kearslûs yn it doarp.
 
Troch ferheging fan de seespegel yn de jierren dêrnei en it ôfslaan fan [[Fean|feangrûn]] kaam der yn de njoggentjinde iuw hieltiten mear wetteroerlêst. It gefaar foar dyktrochbrekken en de oanwêzichheid fan in soad binnenwetter, dat by in súdwester stoarm noch heger waard, makke dat besluten waard om kompartiminten fan it wetter yn de [[Lege Midden]] fan Fryslân te meitsjen troch de oanlis fan binnendiken. De Provinsjale Steaten besleaten yn 1882 ta de oanlis fan de nije en hegere dyk op benei itselde trasee as de 'Alde' Slachtedyk'.<ref>[https://joustercourant.nl/artikel/627965/nije-slachtedyk-nieuwe-naam-voor-pad-bij-terherne.html?harvest_referrer=https%3A%2F%2Fwww.google.nl%2F Jouster Krante]</ref> Yn de Nije Slachtedyk kamen skutslûzen by Terherne en De Jouwer en kearslûzen by Jongebuorren en Goaiïngaryp. Dy Slachtedyk rûn by Terherne dwers troch it lân fan it lettere bungalowpark De Herne en yn de Geau (letter 'Alde Sânsleat') wie in kearslúske. Yn 1883 waard de Slachtedyk by Terherne ferlein nei de iggen fan de Snitser Mar. Dat kuierpaad stiet yn Terherne bekend as 'it skulpepaad'. Yn 1883 waard it gat fan de Hearresyl tichtmakke, mar yn 1969 waard foar de rekreaasjefeart wer in iepening makke mei in brêge en in kearslûske.
 
== Oare binnendiken ==