Ferskil tusken ferzjes fan "Blaauwhof (wenwyk)"

L (st)
== Skiednis ==
Yn 1710 waard de [[Hege Simmerdyk]] oanlein, as beskerming fan it túnbougebiet besuden De Jouwer. Undernimmer [[Krijn Wybrens]] lei yn 1749 de hôving Blaauwhof oan. Syn erfgenamten, dy ’t letter de efternamme Taconis drage soene, bouden it bedriuw út.<ref>[http://www.genealogieonline.nl/genealogie-noorlander/I33965.php 'Genealogie Noorlander » Simon Sipkes Taconis'], ''[http://www.genealogieonline.nl GenealogieOnline]'', besjoen op 15 maart 2013.</ref><ref>Redaksje (30 maart 1957): [http://www.dekrantvantoen.nl/vw/article.do?id=LC-19570330-5001 'Gemeenten in discrediet door Friese beweging?'], ''Ljouwerter Krante''.</ref> It bedriuw waard yn 1875 hofleveransier.<ref>Redaksje (10 jannewaris 1875): [http://kranten.kb.nl/view/article/id/ddd%3A010586687%3Ampeg21%3Ap002%3Aa0034 'Leeuwarden, 9 Januarij'], ''Ljouwerter Krante''.</ref>
[[Ofbyld:De Jouwer Bûtsingel yn 1921.jpg|thumb|De Bûtsingel yn 1921]]
 
[[File:Blaauwhof-Butsingel.jpg|thumb|left|De Bûtsingel is ien fan de âldste strjitsjes yn de wyk Blaauwhof.]]
Oan de ein fan de [[19e iuw]] waarden yn it gebiet de earste huzen boud. Wenningbouferiening ''Werkmanslust'' liet om 1900 hinne lytse huzen bouwe oan de lettere Bûtsingel.<ref>[http://www.dbnl.org/tekst/sten009monu06_01/sten009monu06_01_0093.php 'Joure (De Jouwer) (gemeente Skarsterlân)'], ''Digitale Bibliotheek voor de Nederlandse letteren'', rieplachte op 18 febrewaris 2013.</ref> De arbeiderswenningen binne boud oan in bûtensingel fan de eartiidske ''[[Stins|State]] Baerdt'' fan [[grytman]] [[Hobbe fan Baerdt]] út de [[17e iuw]].<ref>Zee, P. van der, [http://www.europese-bibliotheek.nl/nl/boeken/Joure_in_oude_ansichten_deel_2/100-106180/artikel/6 'Joure in oude ansichten deel 2'], ''Útjouwerij Europeeske Bibleteek''.</ref>
7.627

bewurkings