Westermar: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
foto
Rigel 7:
 
== Skiednis ==
Westermar wie tegearre mei oare tsjerkedoarpen [[Nijehaske]], [[Aldehaske]], [[Haskerhoarne]] en [[Sniksweach]] as [[gritenij]] [[Hasker Fiifgea]] de kearn fan de lettere gemeente [[Haskerlân]]. De dêr op in hegre sânrêch stifte [[Roomsk-Katolike Tsjerke|katolike]] [[parochjeparochy (tsjerke)|parochjeparochy]] wie de earste yn it gebiet. Yn [[1580]] waard de earste [[protestantisme|protestantske]] tsjerke stiften.
 
Yn de [[15e iuw]] ûntstie ten westen fan it doarp de útbuorren De Jouwer. De namme komt ek foar as ''Westermeer'' en ''Westermer''. De Jouwer lei wat ferfier oer wetter en oerlân nei de Súdwesthoeke wat geunstiger as westermar, en waard al gau sa grut dat Westermar yn ferfal rekke. Uteinlik slokte De Jouwer it oarspronklike memmedoarp op yn [[1954]]. De noch besteande midsiuwske tsjerketoer op begraafplak Westermar (it tsjerkegebou waard al yn [[1695]] sloopt) is hjirtroch it âldste bouwurk fan De Jouwer. By de herfarming is de tsjerke net opnij ynrjochte, mar waard preke yn de tsjerke op de Jouwer. Fan tekener [[Cornelis Pronk]] bestiet noch in skildering fan de toer út [[1732]]. Dêrop is ek al te sjen dat de toer wat skean nei it noardwesten stiet. De eardere tagong fan de toer siet oan de westkant, letter kamen der doarren oan de eastkant, wêr't earder de tsjerke stie. Oan de eastkant fan de toer is noch te sjen wêr't de tsjerke oan de toer fêst sitten hat. Yn de toer binne materialen as [[dowestien]], Bremer sânstien en roaswinkels brûkt út de [[13e iuw]], dat kin fan de earste bou wêze, mar ek wol fan lettere restauraasjes.