Blaauwhof (wenwyk): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
 
Rigel 30:
Oan de ein fan de [[19e iuw]] waarden yn it gebiet de earste huzen boud. Wenningbouferiening ''Werkmanslust'' liet om 1900 hinne lytse huzen bouwe oan de lettere Bûtsingel.<ref>[http://www.dbnl.org/tekst/sten009monu06_01/sten009monu06_01_0093.php 'Joure (De Jouwer) (gemeente Skarsterlân)'], ''Digitale Bibliotheek voor de Nederlandse letteren'', rieplachte op 18 febrewaris 2013.</ref> De arbeiderswenningen binne boud oan in bûtensingel fan de eartiidske ''[[Stins|State]] Baerdt'' fan [[grytman]] [[Hobbe fan Baerdt]] út de [[17e iuw]].<ref>Zee, P. van der, [http://www.europese-bibliotheek.nl/nl/boeken/Joure_in_oude_ansichten_deel_2/100-106180/artikel/6 'Joure in oude ansichten deel 2'], ''Útjouwerij Europeeske Bibleteek''.</ref>
 
Yn de tweintiger jierren fan de 2020ste iuw waard it lân besuden de [[Matteüstsjerke (De Jouwer)|roomske tsjerke]] brûkt om roomske ynstellings te bouwen, lykas in legere skoalle (1926), in parochyhûs (1929) en in âldereinhûs (1930). Yn 1928 waard in nij roomsk begraafplak ynwijd.<ref>Redaksje (24 april 1939): [http://www.dekrantvantoen.nl/vw/article.do?id=LC-19390424-7015 'Kerk en school, benoemingen, enz.'] Ljouwerter Krante.</ref> Dit barde neidat Wietske Tadema-Rijpkema lân en jild oan de Jouster parochy skonken hie. Yn 1960 waard in strjitte mei oanleunwenten nei har neamd.<ref>Redaksje (10 febrewaris 2010): [http://www.dekrantvantoen.nl/vw/article.do?id=JCH-20100210-01009008&vw=pdf&lm=tademalan%2C1960 'Oud nieuws in een gouden rand']. Jouster Krante, side 9.</ref>
 
De [[Maatskippij ta Nut fan 't Algemien]] kocht yn 1928 kwekerijgrûn oan en liet dêr in draafbaan oanlizze dy't ek as iisbaan brûkt wurde koe.<ref>Redaksje, (28 jannewaris 1928): [http://kranten.kb.nl/view/article/id/ddd%3A010604218%3Ampeg21%3Ap021%3Aa0187 'Joure Vooruit!']. ''Ljouwerter Krante''.</ref> Op dizze 'Nutsbaan' wurde sûnt 1986 de [[Fryske Ballonfeesten]] holden. Dielen fan de Fryske film [[De Gouden Swipe (film)|De Gouden Swipe]] fan [[Steven de Jong]] út 1996 binne op dizze baan draaid.<ref>Redaksje (9 oktober 1995): [http://www.dekrantvantoen.nl/vw/article.do?id=LC-19951009-1012 'Hoofdrol voor figuranten bij opnamen Gouden Swipe'], ''Ljouwerter Krante''.</ref>
Rigel 36:
=== Nijbouplannen ===
[[File:Blaauwhof-plan1.jpg|thumb|It earste plan foar de Blaauwhof út 1937. Allinnich it gedielte dat direkt tusken de Midstrjitte en it sportterrein leit, liket op it strjitteplan fan de hjoeddeiske wyk.]]
Yn 1932 waard sprutsen oer in útwreidingsplan foar De Jouwer tusken de HarddraversdykHurddraversdyk en de Skien. De plannen hingen gear mei de bou fan [[Rykswei 43]].<ref>Redaksje (23 maart 1932): [http://kranten.kb.nl/view/article/id/ddd%3A010761026%3Ampeg21%3Ap007%3Aa0124 'Friesland en de economische toestand'], ''Nieuwsblad van Friesland''.</ref> Troch de komst fan de rykswei waard De Jouwer better berikber en waard it plan fan in nijbouwyk útfierber, skreau it ''[[Nieuwsblad van Friesland]]''. Yn in earste plan út 1937 stiet dat huzen foar én efterhûs sinne hawwe soene en dat de wyk rom omsetten wurde soe.<ref>Redaksje (26 novimber 1937): [http://kranten.kb.nl/view/article/id/ddd%3A010762186%3Ampeg21%3Ap005%3Aa0117 'Het uitbreidingsplan van Joure'], ''Nieuwsblad van Friesland''.</ref>
 
Yn 1941 waard in nij útwreidingsplan troch de gemeenterie oannomd. Dit plan wie folle lytser as eardere plannen. It besloech allinnich it gebiet oan de noardkant fan de tsjintwurdige Uilke Boonstraleane. De ûntwerper, Ljouwerter arsjitekt [[Andries Baart sr.|A. Baart]], ferwachte dat het lang duorje soe eardat syn plan folboud wêze soe. Baart woe dat huzen dy't yn de omjouwing fan de buorren stiene, tichter op elkoar kamen te stean as huzen dy't fierder fan de buorren ôf stiene. Yn syn plan liet hy romte frij foar de takomstige útwreidingsplannen.<ref>Redaksje (7 july 1941): [http://kranten.kb.nl/view/article/id/ddd%3A010760496%3Ampeg21%3Ap005%3Aa0100 'Joure heeft een nieuw uitbreidingsplan'], ''Nieuwsblad van Friesland''.</ref> Nei in tal oanpassings fan it plan, besleat de gemeenterie yn 1947 om de earste huzen sette te litten yn de Blaauwhof.<ref>Redaksje (30 juny 1947): [http://kranten.kb.nl/view/article/id/ddd%3A010733173%3Ampeg21%3Ap003%3Aa0066 'Raad Haskerland'], ''Nieuwsblad van Friesland''.</ref>