Hillige Famylje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
st
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
No edit summary
 
Rigel 13:
 
== De Hillige Famylje yn de liturgy ==
De ferearing fan de Hillige Famylje yn de [[Roomsk-Katolike Tsjerke|katolike]] tradysje is fan lettere tiid. Yn de 17e iuw is der in oplibbing, mar yn de 19e iuw nimt de ferearing bot ta troch û.o. de stifting fan de Bruorskip fan de Hillige Famylje yn [[Luik (stêd)|Luik]] yn 1844. Ek [[paus [[Leo XIII]] die in soad war om de ferearing te befoarderjen. Yn 1893 fierde de paus it oant dan yn inkelde bisdommen betochte feest yn foar de hiele katolike tsjerke. As feestdei waard de tredde snein nei [[Trijekeningen|epifany]] oanwiisd. Nei't paus [[paus Pius X]] it feest wer ôfskafte, waard it ûnder it pontifikaat fan [[paus Benedictus XV]] yn 1921 op 'e nij ynfierd op de earste snein nei epifany.
 
Sûnt de ligurgyske fernijings yn 1969 wurdt it feest fan de Hillige Famylje op de snein yn it [[Oftaaf (liturgy)|Krystoktaaf]] fierd. Yn tsjerken wurdt dan foarlêzen oer de Flecht nei Egypte (lêsjier A, [[Evangeelje fan Mattéus|Mattéus]] 2:13-15) of de [[Presintaasje fan Jezus yn de Timpel]] (lêsjier B, Lukas 2:22-37) of de Jonge Jezus yn de Timpel (lêsjier C, Lukas 2:41-51). As der gjin snein tusken [[Krysttiid|Kryst]] en [[Nijjier]]sdei falt, wurdt it feest fan de Hillige Famylje op 30 desimber hâlden. Falt de snein op 26 desimber, dan wykt it feest fan de hillige [[Stefanus (martelder)|Stefanus]]. Falt de snein op 28 desimber, dan wykt it feest fan de [[Unskuldige Bern|ûnskuldige bern]].