Aseksualiteit: ferskil tusken ferzjes

L
red
(st)
L (red)
'''Aseksualiteit''' (of '''non-seksualiteit''') is it brekme oan [[seksuëleseksuele oantrekking]] ta lykfolwa, of in tige swakke of gjin belangstelling foar [[geslachtsferkear|seksuëleseksuele aktiviteit]]. Yn minsken kin it beskôge wurde as it net hawwen fan in [[seksuëleseksuele oriïntaasje]], of krekt as ien fan 'e fjouwer wichtichste seksuëleseksuele oriïntaasjes, yn 'e mande mei [[heteroseksualiteit]], [[homoseksualiteit]] en [[biseksualiteit]]. Krekt as dy trije foarmen fan seksuëleseksuele oantrekking is aseksualiteit oanberne. Ut in ûndersyk út [[2004]] die bliken dat likernôch 1% fan 'e minskheid aseksueel is.
[[File:AVEN Triangle.svg|thumb|150px|<small>De 'AVEN' trijehoeke, symboal foar aseksualiteit</small>]]
Aseksualiteit moat net betize wurde mei [[seksuëleseksuele ûnthâlding]] of mei it [[selibaat]], dat oanlearde foarmen fan hâlden en dragen binne dy't oer it algemien motivearre wurde troch faktoaren lykas immens persoanlike of [[religy|religieuze]] oertsjûgings. In seksuëleseksuele oriïntaasje is yn tsjinstelling ta seksueel hâlden en dragen wat dêr't men mei berne wurdt en dat net feroare wurde kin (al wurdt dat gauris wol besocht). It ûnfermogen om seksuëleseksuele oantrekking of oanstriid ta seks te fielen wol fansels net sizze dat aseksuëleaseksuele persoanen gjin [[leafde]] fiele kinne of in romantyske relaasje mei in oar persoan hawwe kinne. Yn sa'n relaasje sil de leafde fan harren kant lykwols [[platoanyske leafde|platoanysk]] wêze. Guon aseksuëleaseksuele minsken dogge trouwens wol deeglik oan [[geslachtsferkear|seks]], al hawwe se gjin of frijwol gjin oanstriid ta seks en fiele se gjin of frijwol gjin seksuëleseksuele oantrekking ta oare persoanen. Dat se dan dochs geslachtsferkear bedriuwe, kin fuortkomme út in ferskaat oan redens, lykas de wil om it in romantyske partner nei it sin te meitsjen of de winsk om bern te krijen.
 
De akseptaasje fan aseksualiteit as in seksuëleseksuele oriïntaasje en in fjild fan wittenskiplik ûndersyk is noch relatyf jong, mar der wurdt hjoed de dei almar mear [[sosjology]]sk en [[psychology]]sk ûndersyk nei dien. Net alle wittenskippers binne it dermei iens dat aseksualiteit as in seksuëleseksuele oriïntaasje beskôge wurde moat. AseksuëlenAseksuelen fiele har yn 'e hjoeddeiske Westerske maatskippij, dy't grutdiels op seks en it ferkeapjen fan seks rjochte is, gauris bûtensletten. Yn tradisjonelere kultueren wurde se faak, krekt as homoseksuëlenhomoseksuelen, mijd of aktyf ferfolge. Yn [[Súd-Afrika]], bygelyks, wurde aseksuëleaseksuele froulju, krekt as [[lesbiënne]]s, faak it slachtoffer fan [[korrektive ferkrêfting]]. De opkomst fan it [[ynternet]] en letter fan 'e [[sosjale media]] hawwe in ûnmisbere rol spile by it mei-inoar yn kontakt bringen fan aseksuëlenaseksuelen. Ien fan 'e bekendste en meast foaroansteande fan 'e aseksuëleaseksuele mienskippen dy't har op dy manear foarme hawwe, is it [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] ''Asexual Visibility and Education Network'' (AVEN), dat yn [[2001]] oprjochte waard troch de aseksuëleaseksuele aktivist [[David Jay]].
 
{{boarnen|boarnefernijing=
 
[[Kategory:Seksualiteit]]
[[Kategory:SeksuëleSeksuele oriïntaasje]]
[[Kategory:SeksuëleSeksuele oantrekking]]